
PO De Bistebus yn Burgum ferlinget it sertifikaat foar twatalich wurkjen
AlgemeenPO De Bistebus, ûnderdiel fan berne-opfang koepel Kinderwoud hat op ‘e nij it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. De lokaasje wurket al jierren mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken krije yn it deistige program. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik. De Bistebus hat in eigen gebou, flakby 2 fan de 3 basisskoallen fan Burgum. Op dizze lokaasje wurdt njonken pjutte-opfang ek berne-opfang en BSO oanbean.
Twatalich wurkjen
Op De Bistebus wurdt wurke mei trije fêste pedagogysk professionals. Allegearre hawwe sy de Fryske taalopdracht. De fêste frijwillichster fan de lokaasje biedt struktureel it Nederlânsk oan.
It sertifikaat is der al fan 2010 ôf. Al dy jierren ha de pp’s de taalôfspraken goed fêsthâlde kinnen. Binnen it aktiviteiten oanbod is foar beide talen bewust en rom omtinken. Yn ôfbeakene aktiviteiten wilens rûntemominten wurdt it Nederlânsk strukturearre oanbean. Lêze en sjonge bart sawol yn it Frysk, as yn it Nederlânsk.
Fisitaasjekommisje
Der hat in fisitaasjekommisje op de pjutte-opfang yn Burgum west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. De kommisje skriuwt yn har rapport oer De Bistebus:
‘It tema is: Toeters en taart. (Kinderwoud fiert in jubileum.) It wie spitich dat de ‘Jarige Job’ siik wie op dizze moarn. Dan wie it feest oan de jierdei keppele. No paste de pp it program prachtich oan troch te fertellen út it boekje: Stip bakt in taart. Dêrnei waarden de muzykynstrumintsjes útdield om mei elkoar muzyk te meitsjen by it sjongen en yn de optocht. Yn de hûshoeke traktearren de bern elkoar op (boartersguod)taart. Der waarden taarten en feesttoeters nifele en der hongen flachjes oan de wand.’
By it sertifisearringstrajekt kriget de pjutte-opfang begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 260 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.



















