
(video) Keunstner Gerrit Breteler (68) is ferstoarn
AlgemeenKeunstner Gerrit Breteler út Nes (Noardeast-Fryslân) is op 68-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie yn it foarste plak keunstskilder, mar ek liet- en teäterskriuwer, sjonger en muzikant. Yn syn toanielstikken spile oer de driigjende ûndergong fan it Fryske plattelân spile syn frou Anke Bijlsma gauris.
Op een dag drink je geen Grolsch meer. Readtsjerk 15 jaar geleden. Video: Press4All
Breteler waard berne yn Enschede en kaam as 13-jierrige jonge mei syn Twintske heit en Fryske mem nei Fryslân. Hy studearre yn 1975 cum laude ôf oan de keunstakademy ‘Vredeman de Vries’ yn Ljouwert.
As skilder wurke hy yn de styl fan de 17e iuw. Hy eksposearre yn Nederlân, Dútslân, Ingelân en Frankryk en makke ek in soad portretten yn opdracht.
Sjonger en muzikant
Breteler wie ek sjonger en muzikant, by spile ferskate ynstruminten, lykas gitaar, fluit, fioele en akkordeon. Yn 1994 rjochte hy de muzykgroep ‘Fling’ op. Oant 2002 spilen se benammen Ierske folksmuzyk.
Mei Ernst Langhout spile hy yn ‘Haggis’ en yn ‘The Hones’. Breteler skreau stadichwei mear Frysktalige lieten, dy’t er sels song en faak ek sels begeliede. Dit resultearre yn twa CD’s mei Frysktalige lieten: ‘Lit ús dêrom drinke’ (2004) en ‘Katarsis’ (2012). Yn 2017 ferskynde de CD ‘Stil’ mei Fryske nûmers, en ek in pear Ingelske covers. De lieten ‘Op een dag’, ‘Lit ús dêrom drinke’ en ‘As it jo wil is’ binne al jierren werom te finen yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.
Teäterstikken oer it plattelân
Breteler syn soarch oer it efterútgean fan it (Fryske) plattelân kaam gauris werom yn syn teaterstikken. It teäterspektakel ‘Oer de Seedyk’ (2008), spile oan de waadkant fan de seedyk by Moddergat en gie oer it ferdwinen fan de âlde fiskerij en lânbou.
Foar Teäterstifting Achmea Culpa skreau hy fjouwer Frysktalige teäterfoarstellings wêryn’t mei in soad humor kritysk sjoen waard nei de hjoeddeiske maatskippij. De stikken draaie om in kastleinspear, spile troch Gerrit Haakma en de frou fan Breteler, Anke Bijlsma.
‘De Oerbliuwers’
It maatskippijkrityske siet ek dúdlik yn it stik ‘De Oerbliuwers’ (2018) dat Breteler skreau foar Stichting Iepenloftspul Harkema. In ferhaal is basearre op de suggestje fan in ekonome om alle bewenners yn de trije noardlike provinsjes te ferhúzjen nei de Rânestêd. Guon ‘Wâldpiken’ fersette har dêr tsjin.
Yn 2022 die Breteler mei oan de Twadde Keamerferkiezings. Hy stie op de list fan de nije partij NLBeter. De partij kaam net yn de Keamer.
Gerrit Breteler wie al in skoft siik. Hy lit in frou, soan en dochter efter.