Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra. Foto: Jacob van Essen (Het Hoge Noorden

Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee

Algemeen

It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff-Veenstra fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Bysûnder om’t by har in oantal jierren lyn de spiersykte ALS fêststeld is.

Dêrtroch is sy har spraakfermogen sa goed as kwytrekke en ûnderfynt sy hieltyd mear problemen mei bewegen. Dêrom hat sy it diktee yn de Steateseal makke op in spesjale laptop. Tegearre mei har soan Willem Duijff naam sy it gouden dakje yn ûntfangst.

Werom yn de Steateseal

Ekstra bysûnder is dat sy foar it earst sûnt 2021 werom wie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Dêr hat sy, as notuliste en beliedsmeiwurker fan de griffy, ûngefear hûndert gearkomsten fan Provinsjale Steaten folge. It diktee waard holden op tiisdei 23 april en op Omrop Fryslân-tv útstjoerd op woansdei 24 april.

Twadde waarden Mariska Velstra en Hessel Yntema, tredde Doutsen Jellema en Siegbert de Jong. Der diene fan ‘t jier ek wer fiif teams mei. Dy strieden tsjininoar en dêrby wienen fan de Freonen fan Fryske ynstellingen mei gemiddeld 12,6 flaters it winnende team. Se waarden folge troch de studinten Frysk út Amsterdam (yn trochsneed 26,5 flaters) en it tredde plak wie foar it team fan Harkemase Boys (trochinoar 39,9 flaters).

Waarman Gerrit Hiemstra

De tekst fan it diktee wie skreaun troch waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra (opgroeid yn Sumar). De titel wie ‘Ofskied fan ‘e winter’. Yn sân alinea’s joech Hiemstra oan dat it klimaat feroaret. As wy dêr wat oan dwaan wolle, dan moatte wy ôfskied nimme fan ús hjoeddeiske libbenswize. Oars sein, der moat in transysje komme, foaral yn it tinken.

De eardere waarman makke de dielnimmers kjel mei wurden as kerbûstich en ûnlijich waar en wurden as eazjende stjalprein. Ek Jûkelburd en Rûchburd, as oantsjuttingen foar Kening Winter, kamen del om de dielnimmers te pleagjen.

Sjuery fan trije minsken

De sjuery bestie út dosinte Frysk Rianne Blokzijl, ûnderwiisadviseur Grietje van der Weg (Cedin) en taalkundige Hindrik Sijens (Fryske Akademy). Dy krigen by it neisjen help fan inkele  It Grut Frysk Diktee wurdt om de twa jier organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân. It wurdt yn ‘e regel hâlden yn de Steateseal. It diktee is werom te sjen fia de webside fan Omrop Fryslân.

Vreugde bij Blije na het scoren van een doelpunt.
Blija pas laat op stoom in Ternaard en verzuimt aan doelsaldo te werken Algemeen 4 uur geleden
Aize Storm zet de bal voor terwijl hij wordt belaagd door twee verdedigers.
Harkema-Opeinde klopt stug Boornbergum Algemeen 4 uur geleden
Thimo Bouma en Ruben Deelstra belagen Fc. Grootegast doelman Niels Klaver. Het leverde geen doelpunt op. Nils van der Veen kijkt toe. De stand op het scorebord is onverbiddelijk: 2-4.
Gehavend ONT onderuit tegen Fc. Grootegast Algemeen 6 uur geleden
Broekster Boys start competitie met overwinning op FC Surhusterfean.
Broekster Boys start competitie met overwinning op FC Surhusterfean. Algemeen 6 uur geleden
Jan Bandstra in actie met een omhaal.
Tiental Ropta Boys heer en meester tegen Suameer Algemeen 6 uur geleden
Gehavend Buitenpost lijdt ruime nederlaag tegen Velocitas.
Gehavend Buitenpost lijdt ruime nederlaag tegen Velocitas Algemeen 6 uur geleden
Goed spelend Be Quick laat drie punten liggen.
Goed spelend Be Quick laat drie punten liggen Algemeen 6 uur geleden
Chris Kalsbeek en Geert Veldstra
Priuw de sfeer fan Ierske kusten en Fryske greiden Algemeen 9 uur geleden
Elvana
Hardcore, Elvis, Nirvana en Linkin park in Iduna Drachten Algemeen 10 uur geleden
Anjum maakt het onnodig spannend.
Anjum maakt het onnodig spannend Algemeen 11 uur geleden
Laatste rondleiding van het seizoen.
Rondleiding door de Tropische Kas Beetsterzwaag, zondag 27 september 2026 Algemeen 12 uur geleden
Britta Maria en Maurits Fondse.
Britta Maria zingt Liesbeth List Algemeen 13 uur geleden
Nijsse kerkorgel CGK Drogeham
Johannes de Heer zangavond Algemeen 14 uur geleden