Ien keamer yn 't Suite Hotel is de konstante lokaasje yn trouwe losse sênes.
Ien keamer yn 't Suite Hotel is de konstante lokaasje yn trouwe losse sênes. Foto: Ingezonden

Kritetoaniel Bûtenpost stelt ‘Suite Hotel’ út

Algemeen

‘Suite Hotel’ fan Neil Simon giet net troch op de sneontejûnen 20 en 27 novimber yn Bûtenpost. Kritetoaniel Bûtenpost hat fanwege it koroanafirus besletten de útfiering út te stellen oant mids jannewaris.

De taskôger sjocht dan ien hotelkeamer, trije ferhalen en acht spilers, der fan út geand dat it koroanafirus dan foldwaande tebek krongen is.

Op it program steane mids jannewaris trije prachtige sênes út ‘Suite Hotel’. De spilers binne: Remco de Poel, Frouke Holtrop, Dagmar Kingma, Dictus Benedictus, Anneke Nieuwenhuis, Jella Kingma, Wiesje Kloosterman en Iebe Boum. Sy litte it publyk genietsje fan trije bysûndere situaasjes dy’t har dus allegearre ôfspylje op ien en deselde keamer yn in lúks hotel.

In ûnferwachte sliepster

Yn de earste sêne sjogge jo it stel Marvin & Milly én in jong frommeske. Marvin en Milly binne nei de sted kaam foar in famyljefeest. Marvin is syn frou foarútgong en hat al in nacht yn it hotel sliept. As hy de oare moarns wekker wurdt fynt, hy in jong frommeske by him yn ‘t bêd. It famke is folslein fan’e wrâld, net wekker te krijen, en frou Milly is op kommendewei. Marvin hat in soad út te lizzen …..

Simon oer út Grikelân

Yn sêne 2 komt it publyk yn’e kunde mei Grace, Djoke en Simon. Aktrise Djoke is mei har assistinte Grace ek delstrutsen yn it hotel. Sy binne yn ôfwachting fan de komst fan Simon. Simon en Djoke wienen in echtpear, mar Simon fûn in oare relaasje en sit al jierren op in Gryks eilân. De reden fan syn kommen nei it hotel blykt mear te wêzen as efkes dach sizze ….

Minke wol (no) net trouwe

Yn de tredde en lêste sêne is it publyk, yn alwer deselde hotelkeamer, by it echtpear Ruurd en Nynke. Hja wrakselje mei harren dochter én breid Minke, dy’t har opsletten hat yn de baaikeamer en net fan doel is om de trouamter op te sykjen. Grutte fraach is oft har oansteande Bonne har wol safier krijt ……

De regy fan dizze trije hotelsênes is yn hannen fan Henk Roskammer en Lodewyk Riedhorst. De oersetting is fan Gurbe Dijkstra.

Actueel

Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 15 uur geleden
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 17 uur geleden
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 18 uur geleden
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 18 uur geleden
De heer De Jong bezoekt basisschool kbs de Reinbôge in Burgum.
Legeramfibie op het plein van kbs De Reinbôge in Burgum Algemeen 19 uur geleden
Schilderij van Tjikke Idema-Visser
Kunst in de Kerk Trynwâlden Algemeen 20 uur geleden
Marco Meijer uit Rottevalle stapt van AB Vakwerk over naar Firda voor volwassenen.
Marco Meijer uit Rottevalle nieuwe directeur Firda voor volwassenen Algemeen 20 uur geleden
Yvonne en Dicky van Petit Paris in Burgum.
Petit Paris Vintage, een vleugje Parijse charme in Fryslân Algemeen 21 uur geleden
Meivakantie met kinderactiviteiten bij De Sûkerei.
Meivakantie met kinderactiviteiten bij De Sûkerei Algemeen 23 uur geleden
Op zondagmiddag 5 mei geeft de Drachtster musicus Rein Albert Ferwerda ter gelegenheid van Bevrijdingsdag een bijzonder concert in de Doopsgezinde Kerk in Drachten. Dit seizoen zijn de Doopsgezinde Kerk Drachten en Schouwburg De Lawei een samenwerking aangegaan en vinden er drie kamermuziekconcerten plaats in de kerk. Dit is alweer het tweede concert in de reeks.
Rein Albert Ferwerda op piano en orgel in de Doopsgezinde Kerk in Drachten Algemeen gisteren
Haal je zolder leeg en kom naar de vrijmarkt.
Sta jij op Koningsdag ook op de vrijmarkt? Algemeen gisteren
lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika!
Lezing over eerste emigranten uit Driezum en Wâlterswâld naar Amerika! Algemeen 24 apr, 17:23
Van de drie geschikte locaties voor een kleinschalig azc in Dokkum is locatie A het meest geschikt, vindt het college van b. en w.
College: "Watertorenbuurt in Dokkum voorkeurslocatie AZC" Algemeen 24 apr, 16:34
Vrijmarkt in Dokkum in 2023.
Koningsdag in Friesland: een kleurrijk feest van tradities en vermaak! Algemeen 24 apr, 16:03
De locatie op de Hogedijken met de grootste fan en tevens gast zanger Evert Vries in het midden
Een feestelijke dag voor het jubilerend koor Rûm Sop Algemeen 24 apr, 15:00
Waterpolodames Wetterwille Burgum kampioen
Burgumer waterpolodames naar de eerste klasse Algemeen 24 apr, 14:00