Wâldrock poadium op befrijdingsfestival

Algemeen

LJOUWERT - It ferneamde festival Wâldrock, dat 30 jier ferlyn foar it earst hâlden waard yn Burgum, komt foar ien kear werom. It programma Noardewyn Live fan Omrop Fryslân sil op 5 maaie op it befrijdingsfestival yn Ljouwert fan 13.00 oan't 22.00 oere poadium biede oan allerhande acts dy't ea op dit festival spile hawwe.

Twa opfallende nammen hjirby binne Claw Boys Claw en Strawelte, dy't spesjaal foar dizze dei wer by elkoar komt.

Mar ek de band The Amp komt nei 23 jier wer by elkoar hjirfoar, lykas Restless en Incursion Dementa. Alle dizze bands binne al tiiden drok dwaande mei de tariedings en oefensesjes.

Yn 1988 sette it allegear útein op de autokrossbaan fan Sumarderheide."We dienen mar wat, mar wol mei 200 % passy," sa seit ien fan de oprjochters Willem Wâldpyk de Vries. Op die earste edysje kaam doe sa'n 1500 minsken of, mei bands as Kobus Gaat Naar Appelscha, The Nits en Claw Boys Claw. Yn dizze 2018 edysje sille neist de al beneamde bands ek Weekend at Waikiki, Bad to the Bone, Livin' Blues Experience, Jankobus Seunnenga & special friends en de Doelleazen noch optrede. Bruno Rummler sil in earbetoan oan syn omke Doede Bleeker dwaan. Bleeker wie yn 1988 pauzeact, en ferstoar ferlyne wike.

"Alinne foar Willem Alexander of Willem Waldpyk komme we wer by elkoar," sa sei Klaas Land it, de manager fan Strawelte.

It Noardewyn Live poadium is te finen yn de Arendstuin yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslâ, telefyzje en Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it op it plein en de livestream gewoan troch.

Afbeelding
Roas Kuipers winnares 48e FMDT Solistenconcours Algemeen 3 uur geleden
Afbeelding
Provinciale Staten vergaderen woensdagavond 1 februari in Holwert Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
Wij maken ons zorgen om de vermiste Harry Elzen uit Drachten Algemeen 22 uur geleden
Afbeelding
Leerlingen CSG Liudger Raai ontdekken internationale wereld Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
(Video) Wat is de stand van zaken voor nieuwbouw in Noardeast-Fryslân? Algemeen 23 uur geleden
Afbeelding
(Video) Snel internet via glasvezel nu ook bereikbaar voor kleine kernen in Smallingerland Algemeen 30 jan, 13:12
Afbeelding
Duo Fling in Witte Kerk te Hemrik Algemeen 30 jan, 12:21
Afbeelding
Vrijkaarten februari en maart Theater De Colle Algemeen 30 jan, 11:16
Afbeelding
Vier op de tien Nederlanders verwachten boven energieverbruiksplafond te komen Algemeen 30 jan, 10:58
Afbeelding
Beweegfeest voor peuters en kleuters bij gymvereniging VenV Garyp Algemeen 30 jan, 10:35
Afbeelding
Energiemarkt Ryptsjerk geopend met waterstofauto en wind Algemeen 30 jan, 09:59
Afbeelding
Het is een 'gekkehûs' bij de Burdaarder toneelvereniging Algemeen 30 jan, 07:30
Afbeelding
Crazy weekend bij Ropta Boys Algemeen 29 jan, 17:50