Nije namme DFK
PolitiekBoargemaster Bearn Bilker ferdigenet en leit út hoe't de kommisje foar de nije namme fan de nije (DFK-)gemeente har kar makke hat. Moai en tank en it sil ek net maklik west ha. Dochs hear ik dat der hieltiid mear minsken muoite hawwe mei dizze nammen (alfabetysk: Dokkumerlân, Lits- en Lauwerslân en Noardeast Fryslân). De hear Bilker is der ek faker op oansprutsen: werom net in orizjineler namme?
IngezondenBoargemaster Bilker bliuwt derby dat de trije foarlizzende nammen de bêste binne. Dit is de miening fan de kommisje, want de befolking mei de oare nammen net witte. En de kommisje bestiet út de trije boargemasters? En boargemasters komme en geane. En de ynwenners bliuwe meastentiids yn de omjouwing. Wêrom komt de boargemaster/kommisje de ynwenners dan net in bytsje temjitte?
293 unike nammen
Der leit dochs noch in list mei 293 unike (troch de kommisje) goedkarde nammen? Wat is it probleem? Goedkard is goedkard, bytsje goedkard bestiet net. Dizze nammen foldogge oan alle easken fan de kommisje. Werom út dizze list net noch trije (of mear) nammen kieze en taheakje oan de trije foarlizzende nammen? Moaie, oansprekkende nammen? Sadat de ynwenners echt wat te kiezen hawwe?
Ik hoopje dat de kommisje hjir wat mei docht , adat de minsken betrouwen hâlde yn de polityk en wij grutsk wêze kinne op ús nije gemeente(namme). Ekskuses om it nèt te dwaan (tiid, jild of sokssawat) telle net. Utgongspunt moat no wêze: kinne we, wolle we, dogge we.
Aukje Stelpstra