Acht liedhûnen yn spee ûntdekke de wrâld yn in waarm nêst
NieuwsWisten jo dat de oplieding fan ús liedhûnen direkt nei har berte begjint? Jo kinne jo foarstelle hoe’t de memmehûn har jonge hûnen mei alle soarch omjout. En hoe belutsen de gasthúshâlding is as de jonge hûnen har earste stapkes sette.
De earste wiken fan in pupBoartsjenderwize wenne de hûntsjes oan húslike lûden en oan minsken. Mar alles is derop rjochte om de takomstige liedhûnen in fleanende start te bieden. Nei rom sân wiken brekt wer in spannend momint oan: de pup ferhúzet nei it puppypleechgesin. Fol ferwachting sjocht it gesin út nei it momint dat de KNGF-pup mei nei hûs mei, om mei in grutte doasis soarch, oandacht en ferduldigens op te groeien ta in stabile liedhûn-yn-spee.
Yn’e desimberútjefte fan “Uitgelaten” bringe wy it labradornêst fan memmehûn Wencke yn byld foar dizze bysûndere mominten.
" Omtrint 180 KNGF-pups wurde per jier op’e wrâld set by in fokgastgesin. De earste wiken dogge de jonge hûnen net oars as drinke en sliepe. Sy groeie as koal. Ungemurken wenne sy wol fêst oan húshâldlike lûden en minsken. Nei in pear wike wurde de jonge hûnen wat ûndernimmender. It fokgastgesin set in diel fan de keamer ôf, sadat de hûntsjes feilich op aventoer kinne.”
Ferwaarmjende ferhalen
Bestel jo eksimplaar fan “uitgelaten” en wy stjoere jo it magazine ienmalich fergees ta. Gean nei www.geleidehond.nl/decembermagazine en ûntfang jo eksimplaar thús per post.