
(video) Beurs einekoerflechtsjen De Strampel
AlgemeenDe Fryske Feriening fan Einekoerflechters De Strampel organisearret op sneon 14 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere in Beurs yn Doarpshûs de Trilker te Poppenwier. Elk is fan herte wolkom.
Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren. Sa binne der klaaikuorren (reid en flaaks), wetterlânkuorren (reid), Trynwâldster kuorren,wylgetiennekuorren en toukuorren. De lêste jierren wurde der ek in soad fûgelhokjes fan reid makke en ferkocht.
Op de Beurs kin sjoen wurde hoe’t de ferskate typen kuorren en fûgelhokjes makke wurde. Dizze produkten kinne dêr ek kocht wurde. De Strampel telt goed 100 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it einekoerflechtsjen. Elk jier docht de feriening in oantal kuorren kado oan bygelyks in soarchynstelling of in bernebuorkerij.
De tagong is frij. Foar mear ynformaasje: Sietse de Boer (foarsitter); (06)15 63 59 73
Mear nijs oer de feriening op www.de-strampel.frl, dêr’t ynformaasje en in soad nijsgjirrige berjochten steane oer alles wat mei einen en koerflechtsjen te krijen hat.



















