
Klún- & Knoffelhakke yn Bûtenpost
AlgemeenTsjonge jonge, wat is der dochs in soad feroare yn de ôfrûne 25 jier. Roke bygelyks, dat kin net mear en alhiel net op it poadium. En kinne wy alles noch wol sizze en spylje? Wy libje hjoeddedei yn in cancel-kultuer. Wat is it Fryske wurd dêr eins foar? Ofsizze? Ofsiskultuer?
Hawar, Broer Douma en Hindrik vd Heide, tegearre dus Klún- & Knoffelhakke, sille der yn harren nije show achter besykje te kommen. Kom foaral gewoan del en gean der mar efkes foar sitten. En miskien sizze jo dan nei dizze middei mei klearebarre wille dan ek wol: “Tsja mannen, dit kin wier net mear …”
Wannear: sneintemiddei 19 oktober 2025
Oanfang: 15.00 oere
Plak: The Point Buitenpost
Kosten: € 17,50
Voorverkoop: www.maskelynbuitenpost.nl / Salon Blom, Oude Havenstraat 4, Bûtenpost



















