Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding
Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding Foto: Provincie Fryslân

Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding

Algemeen

Kultuerfrou Anke Bijlsma fan Nes (Noardeast Fryslân) is freed 26 april beneamd ta Ridder yn de Oarder van Oranje Nassau. Bijlsma krige yn de Steateseal yn it provinsjehûs de fersiersels opspjelde troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M.Brok.

Anke Bijlsma is oprjochter en direkteur fan de Teatertsjerke fan Nes. Se makket har yn de breedste sin fan it wurd al jierren sterk foar kultuer, taal, leefberens, lânskip en natoer yn Noardeast Fryslân. Bijlsma ferfult in sintrale rol by tal fan projekten en inisjativen dy’t Noardeast Fryslân op de kaart sette. Noardeast Fryslân is neffens Bijlsma net de ein fan de wrâld mar it begjin. 

“Bijlsma is in ynspirator en ferbiner yn ieren en sinen. Se wit as gjin oar kultuer yn te setten om minsken, ideeën en parten fan ús lân meielkoar te ferbinen en plattelânstema’s foar in breed publyk ûnder de oandacht te bringen. Se is dêrmei in oprjocht ambassadeur foar de Noardeasthoeke én Fryslân,” sa sei kommissaris fan de Kening Brok yn syn speech. 

Foarbylden fan projekten dêr’t Bijlsma lûker fan wie binne ûnderoaren de Waadopera Peter Grimes, de ‘Dei fan de fiskerij’, de ‘Lêste dagen fan de doarpsgek’, en De Rede fan de Geast. Ek wie se aktyf foar de Landschapstriënale, de provinsje Fryslân, de Stichting Sense of Place en de Garnalefabryk. 

Har maatskiplike belutsens Fierder wie se oprjochter fan de aksjegroep ‘Red de Sionsberg’ yn Dokkum, sette se har yn foar de Stichting Vitale Waddenkust en de gebiedscommissie gaswinning Ternaard. Ek hat se in skoft opstapper west fan KNRM stasjon Lauwerseach. Sûnt 2018 is se direkteur fan de Stifting Theatertsjerke Nes, it noardelikste teater fan de fêste wâl.

Anke Bijlsma luts by har projekten op mei har ferline jier ferstoarne man, keunstner Gerrit Breteler en wurket gear mei har dochter Anne-Goaitske Breteler en Hylke Breteler dy’t beide ek oan de dyk timmerje yn de kultuersektor. 

Dokkumer skûtsjebier nu ook in fles verkrijgbaar
Na groot succes, skûtsje bier nu ook in de fles verkrijgbaar Algemeen 22 uur geleden
Voor het pand van de Buurtkamer op de Oostersingel: Prijswinnaar van de Big Green Egg, Kees Wielstra, en Peter de Bruin (Lions Noordoost-Friesland) overhandigt de cheque aan Kor Lei en Jolanda Heeringa, medewerkers Leger des Heils
Badeendjesrace levert € 5000,- op voor 'De Ferbiner' Algemeen 23 uur geleden
Dag van het Kasteel bij Dekema State Jelsum maandag 20  mei 2024
Glad gestreken, goed gedekt! Algemeen 23 uur geleden
PROWL
Canadese thrashmetalband PROWL naar Iduna Algemeen gisteren
Schaakclub “De Twee Kastelen” (DTK) uit Buitenpost organiseert het Fries Kampioenschap Rapidschaak. Foto ter illustratie
Fries Kampioenschap Rapidschaak 2024 Algemeen 11 mei, 11:53
Schildervakantie
Kunstacademie Friesland strijkt neer in Wijngaard De Frysling Algemeen 11 mei, 09:35
IVN excursie zaterdag 1 juni a.s.
Excursie IVN door het Geastmer Bosk Algemeen 10 mei, 17:00
Het Wonder van het Elfenbankje (kerstmusical 2023) |
Zoektocht amateurtalent De Lawei gestart Algemeen 10 mei, 16:12
In likje Huning 1982
Tryater vraagt zestig herinneringen uit zestig jaar Algemeen 10 mei, 12:00
Zet je moeder in het zonnetje!
Vier moederliefde met bloemen Algemeen 10 mei, 09:45
De week van de Stenen winkel is van 13 - 19 mei 2024.
Derde landelijke 'Week van de Stenen Winkel' Algemeen 10 mei, 08:30
Afbeelding
Auto te water geraakt 112 10 mei, 08:21
Anita Terpstra
Schrijfster Anita Terpstra naar Drachten Algemeen 9 mei, 17:07