
Lês-mar-foar-wiken mei Tomke yn de biblioteek
AlgemeenFan 11 o/m 29 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân wer foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘Lekker spatterje’ hat.
Foarstellingen yn de biblioteken
Yn dy wiken binne der wer ferskate foarstellingen yn de biblioteken! Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten mei har foarstelling ‘Swingen met water’ en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde mei Tomke. Fansels is it Tomke-boekje yn de Lês-mar-foar-wiken ek wer fergees te krijen yn de biblioteken.
Dûnsje met Tomke
11 septimber yn de biblioteek fan Surhústerfean fan 13.00 – 13.30 oere.
23 septimber yn de biblioteek fan De Westereen fan 09.30 – 10.00 oere.
2 oktober yn de biblioteek fan Bûtenpost fan 13.00 – 13.30 oere.
Swingen met water
14 septimber yn de biblioteek fan Kollum fan 11.00 – 11.30 oere.
20 septimber yn de biblioteek fan Dokkum fan 11.00 – 11.30 oere.
Sjoch foar alle ynfo oer de Lês-mar-foar-wiken op www.ontdekdebieb.nl/lesmarfoar



















