Oan wa kin de provinsjale oersetpriis takend wurde?
Oan wa kin de provinsjale oersetpriis takend wurde? Foto: Ingezonden

Advyskommisje dr. Obe Postmapriis 2024 bekend

Algemeen

De advyskommisje foar de Dr. Obe Postmapriis kin oan de slach. Trije minsken út de wrâld fan de letterkunde bûge har de kommende tiid oer de fraach oan wa’t de provinsjale oersetpriis takend wurde moatte. Dizze edysje jouwe Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde dêroer advys oan de provinsje. 

De leden foar de advyskommisje binne troch Tresoar en de Fryske Akademy foardroegen oan de Fryske Deputearre Steaten. De kommisjeleden binne alle trije aktyf mei taal:

Maaike Andringa (1987)
Studearre Gryksk en Latyn (ma) en Frysk (ba) oan de Ryksuniversiteit fan Grins en hat dêrnei de oplieding ta dosint Frysk folge oan de NHL Stenden. Se wurket as dosint Frysk, Gryksk en Latyn oan it Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist wie se earder meilêzer fan de resinte Tony Feitsma-biografy, lid fan de Maatskiplike Advysrie fan de Fryske Akademy en sjuerylid fan de gedichtoersetwedstriid fan de Gysbert Japicxpriis.

Marc van Oostendorp (1967)
Is heechlearaar Nederlânsk en Akademyske Kommunikaasje oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen en senior-ûndersiker oan it Meertens lnstituut fan de KNAW yn Amsterdam. Hy skriuwt hast alle dagen oer taal- en letterkundige ûnderwerpen foar it elektroanysk tydskrift Neerlandistiek dêr’t er ek haadredakteur fan is.

Rein Smilde (1957)
Studearre Frysk oan de Noardlike Leargongen yn Ljouwert en Frysk en lngelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wurke yn syn studintetiid mei Jelle Krol en Popke van der Zee oan in fersoersetting fan de Beowulf. Hy hat learaar lngelsk west oan de media-opliedings fan ROC Friese Poort yn Drachten.

Obe Postmapriis

De dr. Obe Postmapriis wurdt ien kear yn de fjouwer jier takend en is in priis foar de bêste literêre oersetting. De priis is net allinnich foar oersettingen út in frjemde taal nei it Frysk, mar ek út it Frysk wei nei in oare taal. De provinsje wol mei har literêre prizen wurdearring útsprekke foar de winner en syn / har wurk. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar.

Actueel

Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen.
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen Algemeen 4 uur geleden
Ton bij de shirts die lokale bevolking draagt bij het schoonmaken van de stranden.
Ton en Corien uit Drachten strijden tegen plastic in zee en voor de schildpadden op Kaapverdisch eiland Sal Algemeen 5 uur geleden
Ook de website Tytsjerksteradiel is offline
Friese digitale overheid plat door PHP-lek, websites van gemeenten offline Algemeen 5 uur geleden
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers.
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Algemeen 6 uur geleden
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’ Algemeen 7 uur geleden
Stichting Yfke lanceert de Mantelzorgwijzer: informatie voor mantelzorgers op één plek.
Nieuwe Mantelzorgwijzer helpt inwoners van Dantumadiel en Noardeast-Fryslân op weg naar passende ondersteuning Algemeen 8 uur geleden
Nyk de Vries & Klaske Oenema.
Nyk de Vries en Klaske Oenema in Sint-Johanneskerk te Moarre Algemeen 10 uur geleden
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang”
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang” Algemeen 11 uur geleden
V.l.n.r. Sjoerd Keizer, Manon van der Meij en Henk Brouwer
Henk Brouwer, Sjoerd Keizer en Manon van der Meij benoemd tot erelid van S!N Algemeen 12 uur geleden
Amarens Sprokkereef.
ALINE POP-UP: een verrassend succes in hartje Burgum! Algemeen 13 uur geleden
Manager Jessica Jongsma van M.O.S. (links) en Mirjam Marinus commercieel directeur van Friesland Lease.
Wegwijzers Smallingerland maakt de eerste stap naar hulp kleiner Algemeen 20 okt, 17:00
De padelbanen van de Kollumer Tennis & Padelclub (KTC Kolum)
Spannende partijen en veel publiek bij Intersport Padeltoernooi Kollum Algemeen 20 okt, 16:00
Vroeg uit de veren om vallende sterren te zien!
Tot 27 vallende sterren per uur tijdens piek Orioniden Algemeen 20 okt, 15:00
The Bones.
Er is weer van alles te doen bij Iduna Drachten! Algemeen 20 okt, 13:00
Wat heeft iemand nodig?
Carins denkt met je mee Algemeen 20 okt, 12:00
Zoek een plek in de natuur om tot rust te komen en te genieten van de stilte
Zondag 25 oktober staat Nederland stil bij de stilte Algemeen 20 okt, 11:47