Meike Swart docht audysje mei har nûmer ‘Fjochtsje foar hjoed’.
Meike Swart docht audysje mei har nûmer ‘Fjochtsje foar hjoed’. Foto: Ingezonden

Finalisten jubilearjend SjONG bekend

Algemeen

De finalisten fan SjONG, it twajierlikse Fryske sjongfestival foar 12-18-jierrigen, binne bekend. Sjueryleden Raynaud Ritsma en Janneke Brakels hawwe 6 kandidaten útsocht dy’t nei de audysjes troch meie nei de finale yn Neushoorn op sneon 17 juny 2023. SjONG fynt dit jier foar de tsiende kear plak. 

Troch nei de finale binne:

Elin Schouten (14) fan Sevenwolden KiiM út It Hearrenfean mei it nûmer ‘Snappe’ (orizjineel: Snap fan Rosa Linn)
Aline Westerhof (14) fan Liudger Burgum út Eastermar mei it nûmer ‘Ik gean op wei’ (orizjineel: Slipping through my fingers fan Mamma Mia)
Meike Swart (15) fan Bogerman Snits út Snits mei it nûmer ‘Fjochtsje foar hjoed’ (orizjineel: How I’m feeling now fan Lewis Capaldi)
Jessica Otten (17) fan Friese Poort Snits út Wytmarsum mei it nûmer ‘It komt wol goed’ (orizjineel: Papa Mama fan Danique)
Mare Herrema (16), Rian Rijpkema (17) en Jørgen Bruinsma (18) fan Singelland Drachtster Lyceum en Matrix College út Drachten mei it nûmer ‘Leaf, gean no net fuort’ (orizjineel: Laat me niet alleen fan Jacques Brel)
Dani Jellesma (16) fan Bogerman Snits út St. Nyk mei it nûmer ‘Eltsenien’ (orizjineel: Anyone fan Demi Lovato)

Tsiende edysje

Dizze edysje fan SjONG is de tsiende edysje en dêrom beklimme ek in stik as wat âld-winners nochris it SjONG-poadium yn de finale. Sa sjongt Suzanne Pleiter bygelyks noch ien kear har winnende SjONG-nûmer. Sy wûn it evenemint yn 2013 en is no profesjoneel musicalaktrise. Yn oktober stiet se yn it teäter mei Pretpakhuis, in komeedzje ûnder rezjy fan Jon van Eerd. Ek ien fan de lêste SjONG-winners Rowan Veltman treedt op. Hy wûn yn 2021 en die yn 2022 mei syn SjONG-nûmer audysje by Holland’s Got Talent en helle dêr de finale. Undertusken spilet er yn GTST. SjONG fiert it jubileum mei noch mear âld-winners sadat de finale ek in feestje wurdt fan winners troch de jierren hinne.

Wat is SjONG?

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste acts geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

Actueel

Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen.
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen Algemeen 15 uur geleden
Ton bij de shirts die lokale bevolking draagt bij het schoonmaken van de stranden.
Ton en Corien uit Drachten strijden tegen plastic in zee en voor de schildpadden op Kaapverdisch eiland Sal Algemeen 16 uur geleden
Ook de website Tytsjerksteradiel is offline
Friese digitale overheid plat door PHP-lek, websites van gemeenten offline Algemeen 16 uur geleden
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers.
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Algemeen 17 uur geleden
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’ Algemeen 18 uur geleden
Stichting Yfke lanceert de Mantelzorgwijzer: informatie voor mantelzorgers op één plek.
Nieuwe Mantelzorgwijzer helpt inwoners van Dantumadiel en Noardeast-Fryslân op weg naar passende ondersteuning Algemeen 19 uur geleden
Nyk de Vries & Klaske Oenema.
Nyk de Vries en Klaske Oenema in Sint-Johanneskerk te Moarre Algemeen 20 uur geleden
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang”
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang” Algemeen 22 uur geleden
V.l.n.r. Sjoerd Keizer, Manon van der Meij en Henk Brouwer
Henk Brouwer, Sjoerd Keizer en Manon van der Meij benoemd tot erelid van S!N Algemeen 23 uur geleden
Amarens Sprokkereef.
ALINE POP-UP: een verrassend succes in hartje Burgum! Algemeen 23 uur geleden
Manager Jessica Jongsma van M.O.S. (links) en Mirjam Marinus commercieel directeur van Friesland Lease.
Wegwijzers Smallingerland maakt de eerste stap naar hulp kleiner Algemeen 20 okt, 17:00
De padelbanen van de Kollumer Tennis & Padelclub (KTC Kolum)
Spannende partijen en veel publiek bij Intersport Padeltoernooi Kollum Algemeen 20 okt, 16:00
Vroeg uit de veren om vallende sterren te zien!
Tot 27 vallende sterren per uur tijdens piek Orioniden Algemeen 20 okt, 15:00
The Bones.
Er is weer van alles te doen bij Iduna Drachten! Algemeen 20 okt, 13:00
Wat heeft iemand nodig?
Carins denkt met je mee Algemeen 20 okt, 12:00
Zoek een plek in de natuur om tot rust te komen en te genieten van de stilte
Zondag 25 oktober staat Nederland stil bij de stilte Algemeen 20 okt, 11:47