It FNP-sympoasium yn iisstadion Thialf. Rjochts Nynke Hinke Rintjema (Tytsjerksteradiel) en Jouke Jan Postma (Dantumadiel), dy't de oanwêzigen fragen foarleine oer de takomst fan de partij.
It FNP-sympoasium yn iisstadion Thialf. Rjochts Nynke Hinke Rintjema (Tytsjerksteradiel) en Jouke Jan Postma (Dantumadiel), dy't de oanwêzigen fragen foarleine oer de takomst fan de partij. Foto: pdfgrafie

Jubileum FNP: mear each foar takomst as foar ferline

Algemeen

It wie de kwestje ‘De Sintrale’  (foar it opwekken fan elektrisiteit) oan de Burgumermar, dy’t rom 60 jier lyn de oanlieding wie foar it oprjochtsjen fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP). It jubileum waard saterdei fierd yn iisstadion Thialf, in bytsje letter as de bedoeling wie, fanwege it koroanafirus.

Lykwols stie net it ferline, mar de takomst stie sintraal op it jubileumfeest, 21 jannewaris. It wie fuort ek de kampanjestart foar de ferkiezings foar Provinsjale Steaten en Wetterskip Fryslân. En der wie in sympoasium oer de fierdere takomst. Der waard ek praat oer de fraach oft de FNP oan Twadde Keamerferkiezings meidwaan moat.

René Cuperus

De dei yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean sette út ein mei in lêzing fan kultuerhistoarikus René Cuperus fan it Clingendael-ynstitút, oer de takomst fan regio ‘s en regionale partijen. Hoe krije dy lanlik mear ynfloed? Cuperus stippe kânsen en falkûlen oan. Dat Friezen mei minder tefreden binne as it lanlik gemiddelde en oer it generaal justjes sûner, is moai fansels. Mar der binne grinzen. De partij moat neffens Cuperus in antwurd fine op ’e fraach hoe’t de ekonomy stân hâlde kin, ek sûnder Lelyline bygelyks. (Want de FNP is tsjin de Lelyline, sa’t de FNP 60 jier lyn tsjin de Burgumer elektrisiteitssintrale wie).

De omstannichheden om mei te dwaan oan Twadde Keamerferkiezings binne guenstich. It fertrouwen yn ’e lanlike polityk is leech, BBB bewiist dat der ferlet is fan plattelânspartijen en de FNP sels hat mear oanhing as ea. BBB kin neffens Cuperus wolris in wichtige konkurrint wurde fan de FNP. De mooglikheden om wat klear te krijen yn De Haach fia PvdA en CDA binne beheind, omdat dizze tradysjonele partijen gâns ferswakke binne. De lobby-krêft fan Fryslân is op it stuit lyts.

Nije boustiennen

De regio’s soene ek mear ynfloed yn De Haach krije kinne troch de regionale fertsjintwurdiging yn de Earaste Keamer oan te passen. Dêr is dan in oar kiesstelsel foar nedich. Al mei al hat de FNP-kommisje dy’t útsiket hoe’t dielname oan de lanlike ferkiezingen mooglik is, wer nije boustiennen krigen foar har ûndersyk. Oan de ein fan de moarn krigen de oanwêzigen oer de takomst fan de partij fragen foarlein, betocht troch Nynke Hinke Rintjema (ôfdieling Tytsjerksteradiel) en Jouke Jan Postma (ôfdieling Dantumadiel). Ek de antwurden fan de oanwêzige leden wurde brûkt troch de ‘takomstkommisje’.

“Miskien wol de grutste”

Op it jubileumfeest (60 plus 1 jier) trape steatelistlûker Sijbe Knol de kampanje ôf mei in taspraak en de nije kampanjefilm. ‘’Wy sille ien fan de grutte partijen yn PS wurde, miskien wol de grutste’’, sei Knol. Hy rôp de kandidaten foar PS en Wetterskip op it poadium, en ek de kandidaat-senator en alle minsken dy’t meihelpe oan de kampanje. Oan it tal jonge gesichten te sjen, hat de FNP ek op dit mêd takomst.

Fansels seach de partij ek werom op it rike ferline. Middeis waard bistedokter Roel Falkena (1936-2021) út Beetstersweach postúm beneamd as earelid. De Flaamske Nelly Maes priizge Falkena ûnder mear foar syn fûleinige ynset by de oprjochting fan de Europeeske Frije Alliânsje. En EFA-foarsitter- Lorena Lopez de Lacalle sei dat de hjoeddeistige ûntjouwings fan de FNP in grut foarbyld binne foar oare minderheidspartijen. 

Oer de hiele dei hinne hawwe der mear as 180 minsken op it feest west.

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 2 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 3 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 3 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 4 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 5 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 6 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 6 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 8 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 9 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen gisteren
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen gisteren
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07