Fryske ynsprekmaraton fan start
Fryske ynsprekmaraton fan start Foto: Ingezonden

Fryske ynsprekmaraton fan start

Algemeen

Yn it Frysk prate tsjin dyn mobile telefoan of in app? Dat is no net mooglik. De Fryske ynsprekmaraton moat dêr feroaring yn bringe. Deputearre Sietske Poepjes joech hjoed tegearre mei de Fryske flogger Eduard Rekker by it radioprogramma Goeiemiddei fan Omrop Fryslân it symboalyske startskot. Mei dit projekt wol de provinsje yn ’e mande mei harren partners 300 oeren ynsprutsen Frysk sammelje. Elkenien dy’t Frysk praat kin meidwaan op ynsprekmaraton.frl. De Fryske ynsprekmaraton rint oan 21 febrewaris 2023, de ynternasjonale dei fan de memmetaal.

Deputearre Sietske Poepjes: “Foar de takomst fan it Frysk is it wichtich dat wy it Frysk ek brûke kinne yn ús kommunikaasje mei de mobile telefoan of apps. Sa bliuwt ek de nije generaasje it Frysk brûken en bliuwt de taal fitaal. Mei dizze ynsprekmaraton kinne wy in grutte stap sette om it Frysk ek digitaal in plak te jaan. Ik nûgje alle Friezen út om harren stim hearre te litten.

Foar it behâld fan de Fryske taal is it wichtich dat Friezen de taal ek yn de digitale wrâld brûke kinne. Mei de ynsprekmaraton wurket de provinsje oan in digitale samling fan yn it Frysk sprutsen sinnen. Sa’n ‘dataset’ is de basis foar it meitsjen fan spraaktechnology. Foar in goede dataset binne sa’n 300 oeren sprutsen Frysk nedich. De provinsje makket hjirfoar gebrûk fan de software Mozilla Common Voice. Mei dizze dataset kin bygelyks in technologybedriuw spraakstjoerde tapassingen meitsje foar de Fryske taal. Ek hobbyisten kinne der mei oan ’e slach.

Ynsprekmaraton.frl

Elkenien dy’t Frysk praat kin online sinnen ynsprekke op de webside: ynsprekmaraton.frl. Dat kin simpel fia sawol de telefoan, tablet of kompjûter. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is krekt wichtich by it opbouwen fan de dataset. Sa is it ek wichtich dat der sawol mannen- as frouljusstimmen opnommen wurde yn alle leeftiden. Der is oant no ta 135 oeren oan materiaal sammele.

Om de Fryske ynsprekmaraton bekend te meitsjen ûnder de Friezen reizget Eduard Rekker, de Fryske flogger en ambassadeur fan it projekt, mei syn ynsprekcamper by ferskate eveneminten in Fryslân del. Ek binne der ferskate flogs om Friezen op te roppen om mei te dwaan oan de ynsprekmaraton. De provinsje wurket foar dit projekt gear mei Mozilla Common Voice, Afûk, Fryske Akademy, NHL Stenden, Omrop Fryslân, RUG Campus Fryslân en Tresoar.

Foto bestuur van links naar rechts: Dick van Meeuwen, Arjen van der Wal, Jouke van der Wal, Jan van der Wal, Ingrid de Vink, Geert Benedictus, Bert-Jan Ruissen
SGP-afdeling Tytsjerksteradiel officieel opgericht Algemeen 3 uur geleden
Het voormalige Dokwurk-terrein Dokkum in beeld voor het azc.
Het voormalige Dokwurk-terrein Dokkum in beeld voor het azc Algemeen 4 uur geleden
Digitale nalatenschap is belangrijk.
Steeds meer senioren regelen hun digitale nalatenschap Algemeen 5 uur geleden
Gemeentepersoneel Opsterland in de jaren '30 van de vorige eeuw. Derde van rechts zitten met keten de in Dokkum geboren Jacob Bleeker. Hij werd in 1912 benoemd tot burgemeester van Rauwerderhem en vervolgens van Utingeradeel (1919) en Opsterland (1929).
Gemeente Opsterland brengt historie tot leven tijdens Dag van de Opsterlandse Geschiedenis Algemeen 7 uur geleden
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen.
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen Algemeen 23 uur geleden
Ton bij de shirts die lokale bevolking draagt bij het schoonmaken van de stranden.
Ton en Corien uit Drachten strijden tegen plastic in zee en voor de schildpadden op Kaapverdisch eiland Sal Algemeen gisteren
Ook de website Tytsjerksteradiel is offline
Friese digitale overheid plat door PHP-lek, websites van gemeenten offline Algemeen gisteren
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers.
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Algemeen gisteren
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’ Algemeen 21 okt, 14:00
Stichting Yfke lanceert de Mantelzorgwijzer: informatie voor mantelzorgers op één plek.
Nieuwe Mantelzorgwijzer helpt inwoners van Dantumadiel en Noardeast-Fryslân op weg naar passende ondersteuning Algemeen 21 okt, 13:04
Nyk de Vries & Klaske Oenema.
Nyk de Vries en Klaske Oenema in Sint-Johanneskerk te Moarre Algemeen 21 okt, 11:31
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang”
Buurtsportcoach Tom van der Meer: “Met een bal erbij komt het gesprek vanzelf op gang” Algemeen 21 okt, 10:00
V.l.n.r. Sjoerd Keizer, Manon van der Meij en Henk Brouwer
Henk Brouwer, Sjoerd Keizer en Manon van der Meij benoemd tot erelid van S!N Algemeen 21 okt, 09:18