Wrâldboeke- en roazedei yn Kataloanië. Op 23 april ek yn Fryslân.
Wrâldboeke- en roazedei yn Kataloanië. Op 23 april ek yn Fryslân. Foto: Ynstjoerd

Earste ‘Wrâldboeke- en roazedei’ by de Afûk op 23 april

Algemeen

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’.Dat is in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen.

De Afûk yn Ljouwert pakt dit no ek op. Dat bart op fersyk fan Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana Nederland (ANC). Hy wol de Katalaanske tradysje dit jier trochjaan oan Nederlân en socht dêrom kontakt mei de Afûk. Beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. Mei-inoar organisearje sy no de ‘Boeke- en Roazedei’ op sneon 23 april yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk  yn Ljouwert.

Dûbeltalige poëzij

Om 12.00 oere middeis set it evenemint yn de winkel út ein. Dan wurdt oer de dei fan Sant Jordi en Wrâldboekedei ferteld. Ek wurde der Katalaanske gedichten foardroegen, foar in part oersetten nei it Frysk troch Syds Wiersma, en der is omtinken foar Fryske wiisheden. Boppedat krije alle klanten op sneon 23 april yn de Afûk-winkel in moaie roas kado (mar op is op, fansels).

Twa ‘minderheidstalen’

It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de saneamde Europeeske minderheidstalen. “Wy wurdearje en beskermje ús talen”, seit it ANC-Nederland. It ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske parten fan it Assemblea Nacional Catalana, in Katalaanske maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oare ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal.

Dêrnjonken is de Afûk net allinne útjouwer fan boeken yn it Frysk en/of oer Fryslân, mar hat dy ek noch in spesjalisearre boekwinkel. Alle reden om yn te gean op dat Katalaanske inisjatyf en mei te wurkjen oan de organisaasje fan it evenemint, mient de Afûk.

‘Dei fan Sint Joris’

De ‘Diada de Sant Jordi’ (dei fan Sint Joris), op 23 april, is in bysûndere feestdei yn Kataloanië. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar it is ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. It is in tradysje mei in lange skiednis. De ferearing fan Sant Jordi yn Kataloanië waard troch de Generalitat, it regear fan Kataloanië, yn 1456 útroppen ta in offisjeel feest. In wichtich ûnderdiel fan de hjoeddeistige festiviteiten is it tradisjonele útwikseljen fan kado’s: de man jout de frou in roas en hy kriget fan har in boek.

Stjerdei fan Cervantes

Tsjintwurdich kriget elkenien fansels in boek: frou, man én bern. “Wy tinke dat it ien fan de moaiste tradysjes is dy’t wy Katalanen hawwe en dat it oeral fierd wurde kinne soe”, seit Ignasi Ripoll. De Dei fan it Boek is yn 1926 ynsteld omdat op 23 april de dea fan de feneamde Spaanske skriuwer Cervantes betocht wurdt. Miguel de Cervantes Saavedra (Alcalá de Henares, 29 september 1547 – Madrid, 22 april 1616) is noch altyd bekend as de skriuwer fan ‘Don Quichot fan La Mancha’.

It fieren fan de Dei fan it Boek waard al gau oernommen yn Kataloanië. Wylst de tradysje op oare plakken ferwettere, is er yn Kataloanië útgroeid ta ien fan de populêrste feesten, folslein mei boekemerken en blommedissen en tal fan kulturele aktiviteiten. Wa wit wurdt it ek in Fryske tradysje?

Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 1 uur geleden
Lintjesregen gemeente Achtkarspelen 2024.
Lintjesregen gemeente Achtkarspelen 2024 Algemeen 2 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 2 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 3 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 4 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 4 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 6 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 7 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 22 uur geleden
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 23 uur geleden
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen gisteren
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen gisteren
De heer De Jong bezoekt basisschool kbs de Reinbôge in Burgum.
Legeramfibie op het plein van kbs De Reinbôge in Burgum Algemeen gisteren