Omdat in hynder in wichtige rol hat yn it boek 'Hero', kaam sa'n hynder ek yn Hallum foar 't ljocht.
Omdat in hynder in wichtige rol hat yn it boek 'Hero', kaam sa'n hynder ek yn Hallum foar 't ljocht. Foto: Ynstjoerd

Foar 15e kear: ‘Jou in bern in boek’

Algemeen

Freedtemoarn 5 novimber rikte de gemeente Noardeast-Fryslân foar de 15e kear in Frysktalich boek út oan de bern fan groep 5 fan in basisskoalle yn de gemeente. Foar it jubileum waard keazen foar de bibleteek yn Hallum as feestlike lokaasje. Wethâlder Fedde Breeuwsma (FNP) mocht it earste boek eksimplaar útrikke.

Dit jier krije alle bern fan groep 5 (sa’n 530) it boek Hero kado. It boek is skreaun troch Martha Attema en útjûn troch de Afûk. It boek is twatalich: Frysk en Ingelsk. Wethâlder Fedde Breeuwsma oerlange it earste eksimplaar oan de haadpersoanen fan it boek, Izaäk en Gabe. Sy kamen oan op in Frysk hynder. Wethâlder Breeuwsma: “Ik fyn it belangryk dat bern net allinnich yn har memmetaal prate, mar ek gauris lêze en skriuwe. Ik fyn it hiel moai dat wy dêr al 15 jier in bydrage oan leverje.”

Feestlike start 15e edysje

Sa’n 90 bern út groep 5 fan de basisskoallen út it eardere Ferwerderadiel hawwe in feestlike moarn hân yn Hallum, mei in nijsgjirrich programma, passend by it boek. De bern koenen fia it byldskerm prate mei de skriuwster fan it boek, Martha Attema. Sy wennet yn Kanada en kaam der spesjaal midden yn ‘e nacht foar fan ‘t bêd. Willem Sonnema fan it Koninklijk Fries Paarden-Stamboek fertelde oer it bysûndere fan Fryske Hynders.

Oersetter Martsje de Jong lei oan de bern út hoe’t se it boek Hero oerset hat fan it Ingelsk nei it Frysk. En der waard ek noch knutsele. Alle bern gongen mei it boek ûnder de earm wer nei hûs.

De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan de Bibliotheek Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeente Noardeast-Fryslân del mei de boeken foar groep 5. Ek is der in lesbrief makke mei ekstra ynformaasje en opdrachten.

Oer Jou in bern in boek

It projekt Jou in bern in boek is 15 jier lyn begûn in gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten. De wurkgroep bestiet op dit stuit út Joke Scheffer (learkrêft), Jan Jarig van der Tol (riedslid), Christina Walda (learkrêft), Sietske Hannema (lêskonsulint BNF), Aukje Dijkstra (beliedsamtner Frysk) en Annet Koopmans (kommunikaasje-adviseur Frysk Taalbelied).

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 7 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 8 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 9 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 9 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 10 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 11 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 11 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 13 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 14 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 25 apr, 18:00
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 25 apr, 16:35
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07