It gemeentehûs yn Dokkum, mei noch de âlde, Nederlânske namme: 'Gemeentehuis Dongeradeel'.
It gemeentehûs yn Dokkum, mei noch de âlde, Nederlânske namme: 'Gemeentehuis Dongeradeel'. Foto: Ingezonden

Gemeente Noardeast-Fryslân stipet streektalen

Algemeen

It Frysk heart by de ynwenners fan de gemeentde Noardeast-Fryslân. Njonken it Frysk en it Nederlânsk wurde der yn dizze gemeente ek ferskate streektalen praten: it Dokkumersk en it Kollumersk (Stedfrysk). Dêrneist wurdt yn in oantal doarpen Súd-Lauwerslânsk praten. “De ferskillende streektalen meitsje de gemeente unyk en dêrom stipet gemeente Noardeast-Fryslân streektaalprojekten”, dielt de gemeente mei.

Wurkgroep Streektalen

“As gemeente wolle wy kontinu de mooglikheden ûndersykje om neist it Frysk, it Stedfrysk en it Súd-Lauwerslânsk te stypjen en te stimulearjen. Dêrta hawwe wy in wurkgroep gearstald dy’t bestiet út fertsjintwurdigers fan belanghawwende organisaasjes en ynwenners mei ynteresse foar taal. Dy wurkgroep komt jierliks byinoar om projekten te betinken en te stypjen mei har kennis en netwurk.”

Stipe foar projekten

Neist de wurkgroep jout de gemeente ek subsydzje oan projekten dy’t oandacht jouwe oan de streektalen yn de gemeente. Ha jo ek sa’n projekt? De oanfragen kinne dien wurde fia de webside fan de gemeente. Der is maksimaal € 750 per projekt beskikber oant de subsydzjepot leech is. Der binne al inkelde suksesfolle projekten út ein setten.

Keimpe de Krokodil

Studinten fan it ROC Friesland College ha tegearre mei Afûk in oanbod foar restauranten ûntwikkele, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’ foar de jongste gasten. Allerhanne meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat it wachtsjen op it iten moai wurk wurdt. It oanbod is yn it Frysk en yn it Dokkumers en fan dizze wike ôf by ferskate restauranten yn de gemeente te finen.

Grutte Earen

Teatermakker Eline de Vries makket in foarstelling midden yn de streek dêr’t it Súd-Lauwerslânsk sprutsen wurdt. Se hat as tarieding ynterviews hâlden mei bewenners fan de streek en sa kriget de streektaal in plak yn har foarstelling ‘Grutte Earen’. Dit spilet fan 23 oant en mei 25 july neist de ‘Grutte earen’ fan Burum (de satellytskûtels).

Streekdichter

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar fytst 14 dagen troch de gemeente om ynspiraasje op te dwaan foar in lang gedicht: ‘Ballade fan Noardeast’. De ynspiraasje komt foaral fan de ynwenners fan alle doarpen en de stêd Dokkum. Elkenien koe by Geart delkomme en op in soarte fan flipover op syn fytskarke opskriuwe wat hy/sy fynt dat yn it gedicht moat. Hy hat syn tocht yntusken folbrocht en wurket no fierder oan it gedicht.

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 15 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 16 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 16 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 17 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 18 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 19 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 19 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 21 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 22 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 25 apr, 18:00
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 25 apr, 16:35
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07