Afbeelding
Foto: Binne-Louw Katsma

Doarpswebside Eastermar winner priis foar Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

Algemeen

De webside fan Eastermar mei in artikel oer ‘Tip Toko’ is de winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. Wethâlder Andries Bouwman hie de eare om dizze priis foar de earste kear út te rikken: “Jimme leden fan de redaksje binne ambassadeurs fan de Fryske taal en in foarbyld foar oare redaksjes fan doarpskranten en websiden yn ús gemeente”De priisútrikking wie op woansdei 17 juny by de Tip Toko yn Eastermar. Hjir is ek it sjueryrapport bekend makke.

De gemeente hat ferline jier in oprop dien foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn Tytsjerksteradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. Der is in priis fan € 500 beskikber steld om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. 

De oprop hat sân reaksjes opsmiten. De redaksjes fan media út de doarpen Aldtsjerk, Eastermar, Gytsjerk, Jistrum, Noardburgum, Sumar en Ryptsjerk hawwe in ferskaat oan Frysktalige artikels ynstjoerd. It wienen bygelyks artikels oer spoeken , in ‘Kerst Inn’ en in túnblog fan in ynwenner.

In saakkundige sjuery besteande út Douwkje Douma fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media hat út alle ynstjoerings it artikel oer ‘Tip Toko’ fan de redaksje fan de webside fan Eastermar útkeazen. De redaksje hat in nijsgjirrich artikel skreaun mei ynformaasje oer de plannen om in toeristeynformaasjepunt yn te rjochtsjen yn Eastermar. Dat ynformaasjepunt is bedoeld om minsken in persoanlik wolkom te jaan en omdat Eastermar him op dizze wize as gastfrij doarp sjen litte wol.  

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 5 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 6 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 6 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 7 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 8 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 9 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 9 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 11 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 12 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 25 apr, 18:00
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 25 apr, 16:35
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07