Us Nocht yn Drachten spilet twa ienakters

Cultuur

BOARNBURGUM/BUTENSTFALLAAT – Toanielselskip Us Nocht yn Drachten woe, yn ferbân mei LF2018 Kulturele Haadstêd, wolris wat oars as oars. En ek omdat folgjend jier in grutte jubileumproduksje op it programma stiet. Dat sadwaande dit jier twa ienakters, mei fjouwer froulju yn it iene en trije manlju yn it oare stik.


 

Mar dan wol op in bysûndere lokaasje! Ien fan de beide ienakters, 'Blauprint', spilet him nammentlik ôf yn in yndustriële omjouwing. Fandêr dat ek socht is om in romte dy't dêr by past. Sa kaam Us Nocht op it spoar fan jachtwerf O.H. van der Werff yn Bûtenstfallaat. Eigner Haiko van der Werff fielde hjir wol foar, ûnder betingst dat it wurk yn de loads der net te folle fan te lijen hat. Dêrom wurdt no noch net yn de loads repetearre, mar yn it doarpshûs It Bynt yn Boarnburgum. De foarstellingen binne op freed 6, saterdei 7 en snein 8 april yn de skipswerf O.H. van der Werff, Bûtenstfallaat 8.

'Blauprint' is skreaun troch teatergroep Het Volk. De rezjy is fan Elske Klooster, de spilers binne Frans Germeraad, Roelof en Cor Meetsma. Dizze trije manlju wurkje oan in houtkonstruksje. Sy hawwe in boutekening, mar net ien fan harren begrypt der wat fan. It meitsjen ferget boppedat sekuere gearwurking! Soene se dit ta in goed ein bringe? In stik mei in soad humor.

Yn 'Dus….. hy sûpte' giet it om fjouwer froulju: Sieta Stel, Grietje de Wit, Frouwkje Pronk, Gjilke Bol Raap-Dijkstra. De tekst fan dizze tragikomyske ienakter is fan Anja Steegstra, de rezjy fan Tineke Nicolai. De ynhâld yn 't koart: fjouwer froulju hâlde nei rom tritich jier in reüny yn it havenkafee. Wêr moatte jo begjinne nei tritich jier? Pakke sy de tried sa wer op of binne sy te fier útinoar groeid? Hoe sjogge sy werom op de freonskip fan doe?

It publyk komt yn 'e midden te sitten, mei earst it gesicht nei it iene dekôr en de earste foarstelling. Yn it skoft moat men de stuollen in healslach draaie, sadat men nei it skoft de twadde foarstelling sjen kin. "Boppedat binne der yn it skoft en nei de twadde ienakter optredens fan gitarist Sam Meubius en twa sjongeressen, Berber Braam en Carlijn Grave, ferbûn oan muzykskoalle 'Elzer educatie' yn Drachten." fertelt Hiddo Huitema fan Us Nocht.

Der is ek 'catering', dy wurdt fersoarge troch doarpshûs It Bynt yn Boarnburgum, de lokaasje dêr't alle saterdeis (en soms ek woansdeis) repetearre wurdt. Foar it iten en drinken kin men allinne kontant betelje.

Noch in tip fan de organisaasje: pas jo klaaiïnge oan it waarberjocht oan, want ek al wurdt de loads ferwaarme, it kin êer wolris fris wêze.

De spyldata en -tiden binne: freed 6 april 20.00 oere, saterdei 7 april om 15.00 oere en 20.00 oere, snein 8 april om 15.00 oere. Lokaasje: skipswerf O.H. van der Werff, Buitenstvallaat 8, Drachten. Kaartferkeap: (mei pauzedrankje) à € 12,50 fia De Lawei ( tel. 0512 - 335050) of www.lawei.nl. De doarren geane in heal oere foar de foarstelling iepen. Sjoch ek: www.usnocht.nl of facebook.com/toanielferieningusnocht.

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 3 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 5 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 5 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 6 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 6 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 7 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 8 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 9 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 10 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen gisteren
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 25 apr, 16:35
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07