‘Jounswille’ bringt ‘Brulloft’
CultuurSTYNSGEA - Dit jier spilet Jounswille út Stynsgea it stik ‘Brulloft’, ûnder lieding fan regisseur Klaas Jaap van der Heide (nij by Jounswille). Yn stee fan te kiezen foar in besteand stik, binne de spilers en de regisseur de útdaging oangien, om troch de wei fan ymprovisaasje sels in stik te skriuwen. Dit is goed slagge.
Ymprovisaasje basis fan nij stikIt stik spilet him ôf op de brulloft fan Jaap en Sarah. Alle brulloftsgasten ite en drinke lekker en elk hat it nei ‘t sin. Alles eaget lokkich, mar neat is wat it liket. Wylst de drank ryklik floeit, wurde de tongen wat losser. Der wurdt in grut geheim ferdútst, der komt âld sear boppe. It laitsjen feroaret yn geraas.
Grutte gaos
Wat de moaiste dei fan harren libben wêze moatten hie, einiget yn ien grutte gaos. Komt it allegear noch goed? Sil de leafde oerwinne?
Dit houliksfeest fynt plak op freed 24 en sneon 25 febrewaris en op freed 3 en sneon 4 maart, alle jûnen om 20.00 oere yn Café Stynsgea. Binne jo nijsgjirrich wurden en wolle jo tsjúge wêze fan it houliksfeest fan Jaap en Sarah? Dan kinne jo mei kaarten besette by de famylje Gjaltema, tel. 0512-352192.