Toaniel 'Nij Begjin' Nyegea
CultuurNYEGEA - Fan saterdei 25 febrewaris ôf fiert toanielferiening 'Nij Begjin' it stik 'Set mar op 'e rekken' op.
Dit stik giet oer Benny, de eigner fan in doch-it-sels-saak. Hy is op fakânsje, mar de hannel giet gewoan troch. Wat net daliks ôfrekkene wurde kin, set er wol op ‘e rekken. Allegearre sûnder BTW, dus swart. Mar de fijân slept net. Oan ‘e ein fan it stik wurdt der ôfrekkene…..
It stik wurd spile op saterdei 25 febrewaris, freed 3 maart, saterdei 4 maart en saterdei 11 maart. Dit alles yn doarpshûs 'Op 'e Jister' yn Nyegea. De jûnen begjinne allegear om 20.00 oere. Kaarten kenne reservearre wurde by Femke de Boer: 06 11 29 04 88, tusken 19.00 en 21.00 oere.
Foar fierdere ynformaasje kinne jo terjochte op de webside fan it toanielselskip op www.nijbegjin.nl.