Afbeelding

'Der wie ris in doarp, in doarp ferskûle tusken bosk en wetter': It mearke fan Anne Tjerk Popkema

Cultuur

V.l.n.r.: Marten Claus (derde prijs bij de volwassenen), Tryntsje van der Veer (tweede prijs) en Anne Tjerk Popkema (eerste prijs). (Foto: Klaas Rozema)

Mearkesfestival

Dit is het winnende sprookje in de categorie ‘volwassenen’ van de verhalenwedstrijd, die werd gehouden in het kader van het Burgumer Mearkesfestival van tweeënhalve week geleden.

Jurylid en wethouder Houkje Rijpstra prijst het verhaal van Anne Tjerk Popkema om onder meer zijn originaliteit. “Ald-Burgumer Anne Tjerk Popkema hat mei syn titelleaze ferhaal in echt nij folksferhaal ôflevere. Mei wûnderlike fiskfangsten, duvelske komplotten en in eksplosyf, mar goed ein. Wat de sjuery ek posityf wurdearre wiene de aardige fynsten yn de rjochting fan Burgum: de buorman dy’t Rindak hjit, de geloks­sikers dy’t hjir delstrike en de subtile ferwizing nei de Burgumer ‘kowesturten’. Ek it bysûnder wurdgebrûk falt yn dit ferhaal op. In terjochte winner, fan herte lokwinske!”

Dit verhaal is het laatste verhaal dat Weekblad Actief plaatst in het kader van de verhalenwedstrijd. De winnaars van drie categorieën zagen hun verhalen in Actief verschijnen.

‘Der wie ris in doarp, in doarp ferskûle tusken bosk en wetter’
It mearke fan Anne Tjerk Popkema

Der wie ris in doarp, in doarp ferskûle tusken bosk en wetter. De dûmny fan it doarp wenne yn it east, ûnder de seamen fan it donkere wâld. Yn it west wenne de fisker yn syn klinte, oan de iggen fan in heldere, smelle, lange mar. En tusken dy beide wenten yn leine alle oare huzen en herbergen, keten en klinten, stjelpen en stinzen, tsjerken en tuorren en al wat it minskdom mar betocht hat om yn ’e sliep net te ferreinen. Der wie oars ek genôch folk om ûnderdak te bringen, want it wie in poerbêst doarp en út alle kriten wei kamen de gelokssikers deropta.

Sa ek de fisker. Dy wie in skoft tebek yn in luzige jas en mei lekke learzens fan de ouwers fan it waad kaam, dêr’t de honger omware. Hy wie op dit wâld- en wetterdoarp taset, mei’t in âlde bottraper him yn in stoarmnacht yn it ear raasd hie dat de fiskerij hjir sa wûnder wêze moast. En sa trof it ek, doe’t er him yn de klinte nei wenjen set hie en foar it earst te fiskjen gien wie.

Deunby de brêge hie er de angel noch gjin oere útsmiten of de nuverste fisken swommen him al yn ’e amers. Fisken mei hoarntsjes op ’e kop, fisken mei in trijetine sturt, fisken mei hoefpoatsjes yn stee fan finnen, en fisken dy’t him yn it ear lispelen om dy heak út harren bek te heljen en har werom yn it wetter te smiten – wat er dan ek mar die. It wie in wûnder ferskaat, en útsein it lêstneamde slach hie er de amers alle dagen wer grôtfol krije kind.

Sûnt wie er alle dagen mei syn fangst nei de merk tein, middenyn it doarp. Dêr stalde er dan syn waar út en sutele omraken. In stiif kertier letter wie er de fisk altiten wol kwyt. En sa gie it oanienwei, want elts woe sa’n wûndere fisk yn ’e briedpanne te swimmen ha. Want de fisk smakke like bjusterbaarlik as dy derútseach: nei sinaasappel, of boekenuten yn’e rjemme, of promtabak, of kapusijners mei spek en sûpenmoallenbrij ta. De fisker bleau dan ek nea mei ien fisk sitten, en hie in bêst bestean.

Op in goede sinneskyndei stie er wer mei syn waar op ’e merk. It folk hie him al opwachte en bûgde de koppen fuortdaalk oer de fangst, lyk­as wenst bearend fan dat bûtenwenstich fiskguod dat op tafel lei. De earsten krigen de sinten al út ’e bûse en klapten it foar de fisker del, op tafel. Hy sei oanienwei “Krij mar in knappen!”, skodde it baarjild yn ’e bûsen en lake breedút.

Mar hommels foel it mûsstil by de kream, en it folk wiek tebek. De hannen gear foar it liif kaam dûmny oer it wiete gers oanskowen. Hy hie grútsjen heard fan dizze nuveraardige fiskfangerij. Dûmny seach de fisker in hoart oan, wachte oant ek it lêste rûzemuozjen fuortfallen wie, en spriek doe: “Duvelswurk, it jowe.”
“Om ’e deale net”’ sei de fisker. “Earlik fongen, earlik ferkocht.”

“Sjoch dy hoarnen, sjoch dy bokkepoaten, en…”, hy helle de noas flak by de fisk del, “rûk de swevel. Jo hawwe duvelsreau brûkt, of binne it sels.” “Watte! Jo komme oan myn eare, en dat lit ik my net barre, heite!”
De fisker stapte efter de kream wei en postearre himsels foar de swartjurk oer. “It wurdt lijen as jo jo wurden net weromnimme. Dy fisk swimt my alle dagen sa op ’e heak dêr by de brêge! De oerbuorman hat my fakernôch sjoen, dy kin it witte.” Dûmny skôge sykjend om him hinne. “Is ’t sa, Rindak?”

“Ja dûmny”, klonk it út it folk wei. “Ik pisje moarns altiten efkes yn de feart, en hy sit alle dagen oan de oare kant yn it reid te fiskjen.” “Hm. Dan noch. De duvel waret ek ûnder it sljochtwei folk, graach sels. Foar itselde binne jo in wriggert! Til de boksen op, ik sil hifkje oft jo bokkepoaten ha.”

“Sûndners binne wy allegearre, mar in liger bin ik net! Dûmny hat my te bot ferge. Ik ha warskôge!” Hy krige it knyft dêr’t er de fisk mei útbonke fan ’e tafel en stiek dûmny lyk yn ’t liif. Grut trelit, wat der doe barde! Siiz­jend as in teetsjettel gisele dûmny rjocht omheech, ta de loft yn, oant boppe de beammen. Dêr bleau er hingjen, lyk boppe de kij dy’t by­inoar dreaun wienen foar de merk.

Hy lake heech en heas, as in raven. Swart, stjonkend bloed dripte him út it liif, al mar mear, en baarnde yn op it gers en de kij, dy’t balten fan de pine. It donkere reinen hold net wer op, boaze allinne mar oan. It wyt fan de stamboekkij waard like swart as it gers dêr’t se op stienen. Ut de kowerêgen wâlen giele dampen op dêr’t de rein ynfriet, en âljend stoarte de ien nei de oare ko del op it swarte gers.

“Hast my te pakken, fisker!”, klonk it út ’e hichte. “Myn brod sil ik yn jim wetter net mear útsette. Mar gjin noed, ik rêd my skoan op ’e Klaai!” En poef!, fuort wie er. De minsken begûnen lûd te razen, skodden de fûst nei de himel, nei it gers en nei de fisker. Dy wiisde allinne mar op de greide, dêr’t de lêste kij weiraanden yn it gers. Allinne de kowesturten bleaunen lizzen, stille, sloppe tsjûgen fan it feit dat de duvel sels jierrenlang húsmanne hie yn harren bosk en syn neiteam yn har wetter opwoutere hie.
Elts helle gau in bats fan hûs, en Rindak in kroade. Swijend bedobben hja de kowesturten ûnder de seadden fan de merk, dêr’t se no noch lizze. En nimmen yn dit doarp, ferskûle tusken wetter en bosk, hat it wurd ‘kowesturt ea wer neamd.

Feestelijke uitreiking lintjes aan Gooitzen van der Schaaf (links) en Mohammed Yettefti (rechts). Met in het midden burgemeester Jeroen Gebben.
Feestelijke uitreiking lintjes in Tytsjerksteradiel Algemeen 13 uur geleden
Lintjesregen Smallingerland.
Zeven nieuwe leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 14 uur geleden
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau.
Vier personen in Dantumadiel benoemd tot Lid in de Orde van Oranje Nassau Algemeen 15 uur geleden
Lintjesregen gemeente Noardeast Fryslân.
Koninklijke Onderscheidingen 2024 Noardeast-Fryslân Algemeen 15 uur geleden
De ingang van het vrij recentelijk geheel vernieuwde azc in Burgum.
"Verkennend onderzoek" naar veiligheid kinderen in asielopvang Algemeen 16 uur geleden
Tapuit.
Vogels van het Drents-Friese Wold Algemeen 17 uur geleden
Wethouder Maria le Roy toont de blusinstallatie op één van de beide nieuwe afvalwagens van Smallingerland.
Twee gloednieuwe afvalwagens voor Smallingerland Algemeen 17 uur geleden
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal
Damesafdeling VV Buitenpost breidt uit met tweede elftal Algemeen 19 uur geleden
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost. Foto ter illustratie.
Orthodoxe diensten in de Âlde Wite te Buitenpost Algemeen 20 uur geleden
Een boek over ‘De avonturen van Lytse Jopie’ in Grou.
Een boek over 'De avonturen van Lytse Jopie' in Grou Algemeen 25 apr, 18:00
Repetitie Lotte Veltman
Een bijzondere theaterproductie voor cultuur- én natuurliefhebbers in Buitenpost: AREND Algemeen 25 apr, 16:35
Muziektherapie Nij Smellinghe
Met die ene noot een verschil maken voor het leven. Algemeen 25 apr, 15:23
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee Algemeen 25 apr, 15:07