
Mei-inoar lêze yn de Gysbert Japicxpriis-wike
AlgemeenOp tongersdei 12 oktober fan 19:30 oant 21:00 oere wurdt yn de bibliotheek Drachten mei-inoar lêzen. Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De tagong en de kofje en tee binne fergees.
Yn dizze spesjale edysje yn de Gysbert Japicxpriis-wike lêze we teksten fan Jetske Bilker, dy’t de priis op sneon 14 oktober kriget foar har roman Spegel en sonde. Ek lêze we teksten fan Gysbert Japicx sels en nij wurk fan nije Fryske skriuwers. Mear ynformaasje stiet op bibliotheekdrachten.op-shop.nl.



















