FNP wol subsydzje foar ‘Streetdefense’ yn Koatstertille
PolitiekKOATSTERTILLE – Bern mei in minimum ynkommen dy’t de sport ‘Kids Streetdefense’ leare op in sportskoalle yn Koatstertille, moatte yn oanmerking komme foar gemeentlike subsydzje. Dat bepleitet de FNP-fraksje yn Achtkarspelen. De fraksje hat it kolleezje fan b. en w. hjir skriftlike fragen oer steld.
Skriftlike fragen oan b. en w. Achtkarspelen“Kids Streetdefense is in frij nije sport yn Nederlân. It is in rekreative en foaral fleurige sport dy’t rjochte is op selsferdigening (fysyk en mentaal). Kids Streetdefense rjochtet him op bern fan 5 oant’ e mei 14 jier. De basis fan dizze frij nije sport bestiet út gebrûksfreonlike techniken, ûntliend oan judo, jiujitsu, taekwondo en realistyske selsferdigening.
"Subsydzje is stop setten"
Sa’n twa jier lyn is dizze sport út ein setten yn Koatstertille. Om’t dit foaral foar bern wie, dy’t opgroeiden yn in gesin mei in minimum ynkommen, waard dit subsidiearre troch de GGD. Dêrnei subsidiearre de gemeente Achtkarspelen dizze sportaktiviteiten. Dit jier kriget Streetdefense gjin subsydzje mear en neifraach troch âlders by de gemeente Achtkarspelen levere oars neat op as: ‘wy sille it neisjen, it is hjir net bekend’ (trije kear).”
Yn fiif skriftlike fragen bepleiteit FNP-riedslid Maaike Dotinga-van der Veen dat it kolleezje wer oergean moat ta it jaan fan subsydzje foar de oanbelangjende húshâldings. It kolleezje jout op syn lêst 29 dagen letter antwurd.