Afbeelding

Konfrontearjend toaniel by MRV Tesselschade mei 'Femke'

Nieuws

HURDEGARYP – It stik ‘Femke’ troch MRV Tesselschade yn Hurdegaryp begjint hiel ferrassend. Hoe krekt, ferklappe wy net. De skrik fan âlden dy’t te hearren krije dat harren bern net folle mear kin as in plant, is noch gâns heftiger. Oer it libben om dat bern hinne, dêr giet it stik ‘Femke’ oer.

Marije Semplonius spilet har as se in jier as fyftjin is. In kreaze faam, mar wol altyd of yn in rolstoel, of op bêd en somtiden yn in deiferbliuw. By it iten en drinken moat se holpen wurde. Se kin net sûnder (skjin) ruft. Mar ‘op skoalle’ ferjitte se dat ferskjinjen wolris. Foaral mem Bea (Bianca Wiersma) hat grutte noed mei harren dochter.

Heit Paul (Romke van der Meulen) fielt him mei dêrtroch net mear de man fan Bea; mear de help yn de húshâlding en de assistint-oppasser fan Femke. Hy rint, om samar te sizzen, mei de siel ûnder de earm, hat meilijen mei himsels. Femke liket him stadichwei minder te ynteressearjen. Wylst Bea har dochter oan ien wei bepopket, sa’t Paul as jonkje bepopke en bedoarn waard, sa docht foaral bliken yn it twadde part fan it stik, nei it skoft.

Foar it skoft bart der eins net sa folle: alles giet syn gong, mar dúdlik wurdt wol, dat Paul mear fan it libben ferwachte hie as lesjaan oan skoalbern en passe op syn fysyk en geastlik slim beheinde Femke.
Dat earste part is dêrmei wat statysk. Sa wurdt de taskôger eins in spegel foarhâlden: is it libben fan in soad minsken net fierhinne rûtine?

Nei it skoft komt der mear beweging yn it libben fan Paul en Bea, en sa ek fan Femke, al kin dy dêr oars net op reagearje as mei tafaltsjes (tige realistysk spile troch Marije Semplonius). Bea sit nammentlik by it amateurtoaniel. Ien fan har ‘toanielkollega’s’ is Fred (rol fan Jelke van der Molen), by wa’t se oer har soargen mear gehoar kriget as by har man.
Nei de toanielrepetysje komt Fred – mei syn wat eangstige frou Emmy, spile troch Hennie Veenstra – nei Bea. Fred hat Paul in healjier dêrfoar tafallich moete en heard hoe’t er der oan ta is: min.

Fred fynt dat Femke mear professionele soarch hawwe moat, miskien sels wol permanint yn in fersoargingstehûs, al wol er it sa net neame. Bea wol der net oan, mar Paul soe it leafst hjoed noch syn dochter Femke de doar útsette. Dan komt Paul syn mem – nachts tsjin tolven – ek noch del, om te sjen oft it fest dat sy foar Femke breidet, wol de goede maat hat.

It klinkt allegearre frij dreech en ek wat apart en dat is it ek, mar Paul besiket mei út en troch in synyske grap noch oerein te bliuwen. Dat slagget him net echt. Dat it op seker stuit noch spannend wurdt, kinne wy hjir wol ferklappe. Al mei al is it in konfrontearjend stik, dat it publyk net samar loslitte kin. Mannich taskôger siet of stie nei ôfrin fan de première dan ek noch nei te praten.

‘Femke’ (of: ‘Dei út it libben fan in deade mosk’), oarspronklik fan Peter Nichols, út it Ingelsk oersetten troch Jarich Hoekstra en Harke Bremer; rezjy: Anny Veenstra

Het organisatieteam van de Bonifatiuscup 2024 v.l.n.r.: Marcel Dol, Geeke Draijer, Sonja Louwsma, Jacob Haakma, Karel Hellinga, Marjan Stellema en Sjoerd Radersma.
Achtste editie van toptoernooi Bonifatiuscup Algemeen 17 uur geleden
Hessel verricht de officiële openingshandeling van de rolstoelfiets
Dokkum nu ook per rolstoelfiets bereikbaar Algemeen 19 uur geleden
Overhandiging dichtbundel aan Wierd en Fokje Pietersma, door de leerlingen van CSG Liudger
"Wij vinden het belangrijk dat mensen aan de goede kant van de geschiedenis staan" Algemeen 20 uur geleden
Sjoerd Bakker, begin 1943.
Bijzondere dodenherdenking op 4 mei in Buitenpost Algemeen 21 uur geleden
Kom ook naar de plantjesmarkt!
Plantenmarkt met groenspecialisten en hobbykwekers Algemeen 22 uur geleden
4 Mei Dodenherdenking Beetsterzwaag.
Dodenherdenking Beetsterzwaag Algemeen 30 apr, 16:03
Afbeelding
Op reis? Vergeet niet om je reisverzekering te regelen! Zaken 30 apr, 14:55
Afbeelding
Lingerie: Een bijzonder stuk kleding Zaken 30 apr, 14:54
Deelnemers van de bevrijdingsloop Burgum
Bevrijdingsloop 5 mei Burgum Algemeen 30 apr, 13:02
Aankondiging elfstedenroeimarathon - 210 roeien in 24 uur
38ste elfstedenroeimarathon 2024 een feit! Algemeen 30 apr, 12:00
Dodenherdenking in Drogeham
Dodenherdenking Drogeham Algemeen 30 apr, 11:00
Repair café Drachten
Repair Café Drachten in Mei Algemeen 30 apr, 10:30
Anouska Koster rijdt naar podiumplaats in Festival Elsy Jacobs
Anouska Koster rijdt naar podiumplaats in Festival Elsy Jacobs Algemeen 30 apr, 09:34