Afbeelding

Basis voor Bretelers maatschappelijk stukken werd in Trynwâlden gelegd

Nieuws

Gerrit Breteler in zijn woning in Nes (Dongeradeel). (Foto’s: Klaas Rozema)

Gerrit Breteler: “Der bart genôch om oer te eameljen”
Basis voor Bretelers maatschappelijk  beladen stukken werd in Trynwâlden gelegd

NES – “Hiele simmers lang strúnde ik om yn de Trynwâlden. It wie altyd ûngetiderswaar. Oeral wienen it ljippen en skriezen, it rûkte der nei hea en it wetter siet fol mei fisk en kikkerts. Yn Tytsjerk hiest noch in smid en in slachter en ik koe dy minsken en sy my omdat ik dêr simmerdeis omfytste. Sneins siet elkenien yn ‘e tsjerke en dan songen se allegear mei. Wat ik yn de stêd miste, wie dêr folop. Fansels is dat in feridealisearre byld, mar dat is wol hoe’t ik it my herinnerje. Ik koe der as jonkje gjin genôch fan krije, ik fûn it fantastysk moai hoe’t de wrâld foar myn gefoel doogde.”

Door Thea van der Schaaf

Gerrit Breteler werd dan wel geboren in Enschede, als klein jongetje had hij al veel meer met het platteland dan met de stad. “It sil wol komme troch myn boerefamylje. Myn omkes, broers fan ús mem, wennen doe yn Ryptsjerk en
Tytsjerk. As jonkje fan in jier as sân wie ik dêr al hiele simmers. De agraryske kultuer libbe doe noch folop.” Die jaren, dat ideaalbeeld van het platteland dat toen ontstond, vormde Gerrit. Het zou aan de basis staan van maatschappelijke kwesties waar hij vandaag de dag aandacht voor vraagt in zijn theater- en muziekstukken.

“Myn omke hie kij, en eltse ko hie in eigen identiteit. In eigen namme, mar ek in eigen manier fan benaderjen. Se waarden likegoed wol opiten, mar it fassinearre my dat in boer in relaasje mei syn fee hie. Der wie sels noch in boer mei hynder en wein en mei dat hynder koe hy lêze en skriuwe. Dat fûn ik as bern oandwaanlik om te sjen.”

De earste lisboksstâl

Gerrit was veertien toen hij met zijn twee broers, een zus, een Twentse vader en Friese moeder verhuisde naar Hurdegaryp. “Dat wie fansels te gek foar wurden, as wie ik foar altyd op fakânsje. Ik koe op ‘e fyts nei de famylje, wannear’t ik mar woe. Dat dat dus it hiele jier troch wie, ek mei min waar, soarge wol foar in mear realistysk byld fan Fryslân. Yn datselde jier, ein jierren sechstich, boude myn omke in lisboksstâl. It moat sa’n bytsje de earste yn de provinsje west hawwe. Dat fûn ik al minder leuk. Der kaam mear kij, dy krigen gjin nammen mear, de hoarnen moasten der ôf, it feroare allegear. Doe kamen foar my de earste skuorkes yn ‘e muorre. Ik bleau noch wol wat yn dat ideaalplaatsje hingjen mar oan de oare kant seach ik dat der dingen feroaren. Der wie dúdlik wat oan de gong.”

De verandering zag Gerrit niet alleen in de agrarische wereld. Op zijn zestiende studeerde hij aan de kunstacademie: “Allegear artysten dêr. In hiele oare manier fan tinken. In folle dynamysker wrâld. Dêr seach ik de ûnttsjerkliking al in bytsje. Dy lytse skuorkes yn de muorre wienen der al, mar dêr kamen in hiel soad dingen op losse skroeven te stean. Doe kaam foar my ek de earste twifels oer de integriteit fan bestjoerders. It gesach dat bestjoerders hienen dat is my mei de breileppel yngetten en it hat echt hiel lang duorre foardat ik dy gedachten loslitte koe. Ik bin hiel lang nayf bleaun yn it idee dat be­stjoerders ferantwurdlikheid namen.”

In bytsje respekt

Met zijn eigen gedachten over de wereld veranderde ook het Friese landschap. “Boeren waarden grutter of hâlden op. Dat iepen lânskip dêr’t ik sa fan hâlde, feroare. Lisboksstâlen, ferkaveling, in ekonomyskere yndieling fan it lân. Der wienen steeds minder minsken nedich op it boerebedriuw, it automatisearre oan alle kanten. It wie ek net mear sa fanselssprekkend dat dy neefkes fan my wer boer wurde soenen. Ik fûn boppedat ek dat de Friezen mar in bytsje respekt hienen foar harren eigen natuer en dingen maklik oan ‘e kant donderden.”

De MKZ-krisis

Gerrit gaat verder in de tijd: “Doe kaam it punt dat molkbussen net mear ophelle waarden, dêrmei foelen in hiel soad lytse boeren om want dy woenen net mear ynfestearje yn in molktank. Sa waard de ynfloed fan de finansjele sektor op de boeren ynienen ek folle grutter. De boer ferlear in hiel soad fan syn autonomy, it waard folle komplekser.” Slechts enkele tientallen jaren later dreven de varkens- en vogelpest over het land en de provincie. De grote klap moest toen nog komen. “De MKZ-krisis bruts hjir út. Mei dy tongblierkrisis seach ik dingen dêr’t ik net fan tocht dat dy ea bestean koenen yn in demokraasje. Minsken rekken yn in isolement, mochten net mear fan de pleats, nimmen mocht it gebiet noch yn, oeral wienen militêren en rûnom minsken fan de AIVD yn wite pakken dy’t bisten ôfmakken dêr’t hielendal neat mis mei wie. ‘Previntive politike maatregels’, want it soe der wereldhannel skea bringe. Dat wie de earste kear dat ik tocht, ‘wy hawwe de slach ferlern’. Want no blykt dat it net de boer is dy’t it útmakket en ek net mear it fee is dat der ta docht. Nee, no is it finansjeel belang dat bepaalt oft wy in ko yn libben litte of net. Neffens my binne wy doe in grins oergien wêr’t wy neffens my net oerhinne stappe mochten as wy rintmasters west wienen.”

Gerrit zag de kleine ellende van de grote impact op de boeren in Dongeradeel. “It fee yn grutte blaue konteners op it hiem en de boer mei de pet yn beide hannen derneist. In stedsman soe sizze ‘dan keapet dy man toch nije kij’, mar ik wist hoe djip at dy kij en dat geslacht fan dy kij ferankere wienen yn de libbens fan dy minsken. Fan de boerinne en de bern likegoed. Dat wie net ynwikselber. En dan de bestjoerders dy’t der wol mei wei kamen.”

De eerste cd

In samenwerking met een boer die een gedicht schreef over die periode, maakte Gerrit het lied ‘Simmer 2001. ”Dat liet resonearre ûnder de minsken, guon rekken ûntroerd troch it liet. Dat it sa’n ynpakt hawwe soe hie ik net betocht. Ik hie wol betocht dat der wat barre moast, ik wie sa freeslik frustrearre dat dit allegear samar plakfine koe en dat der net ien op de barrikaden kaam. Myn jeugdige naive idealisme wie hielendal oan barrels fallen.” Het lied werd de aanleiding voor zijn eerste cd. Gerrit ontdekte dat hij in tekst en muziek veel kwijt kon van de maatschappelijke kwesties die hem bezighielden. Hij vergaarde er een groot publiek mee. Zijn voorstellingen en optredens zijn vrijwel altijd uitverkocht. “Der is kennelyk enorme behoefte oan duiding. Net dat ik sa duidend bin, mar ik haw der ek fragen oer. Hjoeddeistige bestjoerlike keuzes dy’t makke wurde as it giet oer krimp, wynmûnen of de oanlis fan de Centrale As hâlde my dwaande. Fansels sit der ek in soad humor yn myn stikken, oars is it te dreech. Mar nei elts optreden binne der altyd wol hiele hefige gesprekken. Ik bin no mei it fjirde stik dwaande, want ik soe ophâlde mar der is fanút it publyk sa’n enorme rop om noch in stik, dat ik wer in nij stik skriuw. It stik is alwer boekt mar ik moat it noch skriuwe. Dat jout oan dat it maatskiplike relevânsje hat. Wêr’t it oer gean sil? Dat moat sich noch foarmje. Alle moarnen bin ik efter de dyk, dat is it earste dat ik doch deis. Dêr komt it los. Der bart noch genôch om oer te eameljen.”

Onbeperkt muzikaal Een concert voor en door iedereen.
Onbeperkt muzikaal is concert voor en door iedereen Algemeen 17 uur geleden
De Europese verkiezingen zijn in Nederland op donderdag 6 juni 2024.
Verkiezing Europees Parlement komt er aan! Algemeen 17 uur geleden
Lente- en Bijenmarkt Passiflora
Lente- en Bijenmarkt Passiflora zaterdag 11 mei Algemeen 18 uur geleden
Tweedaagse 2024 voorjaar winnaar Twin Games Middenbouw
150 deelnemers voetbaltweedaagse Veerkr88 in Buitenpost Algemeen 20 uur geleden
Koppelwedstrijd Biljartclub Buitenpost
Seizoen afgesloten met koppelwedstrijd Algemeen 21 uur geleden
Hier is Jorrit de Graaf zijn plaaggeest Jan Eisma wél de baas.
Discutabele strafschop en geen plan B nekt ONT Algemeen 5 mei, 22:34
Jan Bandstra
Officieus over en uit voor Ropta Boys Algemeen 5 mei, 21:53
 Foto ter illustratie.
Voetbal Dokkum - Anjum Algemeen 5 mei, 21:36
Redding van Kevin van der Meulen op een doelpoging van Rik van der Eerden
Buitenpost sprokkelt punt tegen AZSV Algemeen 5 mei, 20:02
Wethouder Maria le Roy (rechts) streeft naar een gemeente zonder afval. Op 16 mei spreekt ze hier over, net als de heer Goëbel van Repair Café Drachten (niet op de foto).
Geef je spullen een tweede kans?! Algemeen 5 mei, 17:55
Bongzilla
Amerikaanse cultband Bongzilla komt op 8 mei naar Iduna Algemeen 5 mei, 16:13
Anjum weer met beide benen op de kleigrond - Foto ter illustratie
Anjum weer met beide benen op de kleigrond Algemeen 5 mei, 15:04
De natuur: een onderwerp wat altijd verschillend is en telkens inspireert.
Kunstacademie Friesland strijkt neer in de schilderachtige Trynwalden Algemeen 5 mei, 14:03