Toanielferiening Folgeren: ‘It siet yn ‘e loft’
NieuwsToanielferiening Folgeren: ‘It siet yn ‘e loft’
Paul mei syn trije stewardessen. Syn lilke frou stjit op de eftergrûn. (Foto: Klaas Rozema)
DRACHTEN – Sneontejûn spile Toanielferiening Folgeren yn De Lawei ‘It siet yn ‘e loft’ ek wol bekend ûnder de titel Boeing Boeing. De ploech gong der mei folle faasje tsjinoan en soarge foar in slagge jûn.
It ferhaal giet oer in frijfeint (Paul) dy’t wennet yn in flat yn Parys, hy hat in relaasje mei trije stewardessen, om’t de stewardessen fan ferskate maatskippijen binne, komme se nea tagelyk by him.
Op in moarn stiet der in âld stúdzjegenoat (Robert) foar de doar en dizze wurdt útnoege om te útfanhûzjen.
Dan bart it dat de stewardessen stik foar stik oerpleatst wurde op flugger fleantugen en wurdt it skema wêrop ’t de stewardessen fleane danich fersteurd, en moat Robert mei húshâldster Marianne der alles oan dwaan om te foarkommen dat de froulju mekoar tsjinkomme. Oan it ein fan it ferhaal komt alles dochs wer op syn poatsjes terjochte en krie de ploech in entûsjast applaus.
Toanielferiening Folgeren bestiet yn 2015 70 jier en wol dan op ‘e planken stean mei in nagelnij stik. Krekt as alle amateurploegen siket Toanielferiening Folgeren nije spilers, gjin erfaring is gjin probleem om’t men tidens de repetysjeperioade troch regisseur Alle Oldenburger alle kneepkes oanleard wurde. Liket it jo wol wat as ha jo famylje dy’t wol toanielspylje wolle lit sy dan efkes belje mei Alle Oldenburger fia telefoannûmer 0516-471298, as mail nei folgerentoneel@hotmail.com.