Afbeelding

‘Freonen fan Piter Wilkens’ hâlde wille der yn

Cultuur

Piter Wilkens sneontejûn tusken inkele fan syn fans. Links Berber Borgman-Roorda út Muntendam, rjochts Titi Braams út Kollum. (Foto: Klaas Rozema)

‘Freonen fan Piter Wilkens’ hâlde wille der yn

TYTSJERK – De ‘Freonen fan Piter Wilkens’ fierden sneontejûn it tweintichjierrich be­stean. Net allinne mei de artyst Piter Wilkens, mar ek mei de trije oare leden fan ‘de Fjouwer Trûbadoers’. It waard in muzikale en noflike jûn.

Troch Gerrit van der Meer

It bestjoer en de leden wolle as it heal kin it 25-jierrich be­stean helje, mar tagelyk is der wol ferlet fan nije be­stjoersleden. Interim-foarsitter Edwin Monsma wol nei acht jier bestjoerslidmaatskip wol ophâlde. Hy is net allinne foarsitter, mar ek de redakteur fan it ledekrantsje, dat trije kear jiers ferskynt.
Ald-foarsitter Jan de Boer, ien fan de oprjochters fan de fanklup, fertelde hoe’t de oprjochting om en ta gien wie. Dat wie nei oanlieding fan in optreden fan Wilkens yn Burgum, dêr’t amper publyk op ôf kaam.
Under it genot fan wat alkoholika kaam it idee boppe fan in fanklup. “Piter sil wol tocht hawwe: ‘Dronkemanspraat’. Mar letter hawwe wy him in brief skreaun mei de fraach oft er it goed fûn. Syn antwurd einige mei de wurden: ‘Wy sjogge wol’.”
Op 8 desimber yn kafee De Troffel yn Surhústerfean gie it écht los. It fiifjierrich bestean waard opfleure mei sketskes, basearre op lietteksten fan Wilkens. “By de tarieding hiene wy sa’n wille, dat guon frou­lje it net drûch hâlde koene”, sei De Boer.

Nei it fertoanen fan inkele âlde filmopnames waard it tiid foar optredens fan de ‘fjouwer trûbadoers’, earst yndividueel, dêrnei as kwartet. Jaap Louwes, Doede Veeman en Gurbe Douwstra spilen elk fiif nûmers.
It publyk wie meast ien en al ear, inkeld waard der in bytsje troch de optredens hinne praten. “Moai dat jimme ús hjir útnoege hawwe”, spruts Jaap Louwes syn wurdearring út.
Hy sette út ein, ûnder oare mei  ‘Earlik sein, fierste faak’ oer al of net earlik wêze. ‘Nea tocht’ is in relatyf nij nûmer, oer it wenjen yn in rychjeswente, “mei frou en bern en in kat.” Syn fiifde nûmer wie de ‘hit’ ‘De memmen by it stik’, oer ferealens op in jonge mem by de basisskoalle.

Doede Veeman begûn mei it bekende ‘Bart-Jan’, dy’t Frysker as Frysk wurdt, wylst syn âlden in ‘Hollanner’ fan him meitsje wolle. Veeman sleat ôf mei it kolderike ‘Garje’ (‘Ik garje mysels, want pake sei altyd: smyt dy sels net wei’).

Gurbe Douwstra kaam wat letter yn ‘e seal (“ik moast earst noch spylje yn Donkerbroek, by in ‘lichtjesavond”), mar wie rom op ‘e tiid foar syn optreden. Hy begûn mei it nûmer dat er ek yn Donkerbroek songen hie, ‘in liet foar myn bern’.

Syn twadde nûmer gie oer de relaasje mei syn heit (‘Ik lykje hieltyd mear op heit, mar bin ôfdwaald fan de kudde’). It bekende ‘High cliffs of Moher’ en in protestlietsje ‘tsjin de Sintrale As en ús gouden Lawei’ sletten dit solo-optreden ôf.
Piter Wilkens krige de kâns seis nûmers te sjongen en te spyljen, foardat ‘de fjouwer trûbadoers’ los giene. Middeis hie er noch yn Drachten spile by it Hûnekop-festival. Hy begûn mei in nij nûmer, ‘De Oldehove siën’, yn it Liwwadders, de taal fan syn heit. (“As single fan myn website te downloaden”).
Ek it twadde nûmer wie nij: ‘Libbene stiennen’, it titelliet fan de rige optredens yn tsjerken fan de stifting Alde Fryske Tsjerken, oer dy tsjerken. ‘It sit hjir fol mei ferhaal’ komt ek út dat programma, lykas ‘De klokken’. It fiifde wie in dûnsliet, it seisde in leafdesliet.

Nei in koart skoft – lûd- en ljochtman Harry Zwerver moast efkes wat ombouwe – setten de Fjouwer Trûbadoers út ein. ‘Maten’, ‘it koste him it lidmaatskip fan it koar’, ‘Dêr hearst my net oer’ (oer rabjen), ‘De pearse krokodil’, in tango (‘As ik dy sjoch’), ‘in boerinne allinne’ (fan Gurbe Douwstra), ‘Wy brekke der ris lekker tuskenút’, ‘Wat binne wy moai fuort net?’ en ‘De âlde púndyk by del’, slûgen allegearre wakker oan.
Fan it bestjoer fan de fanklup krigen alle artysten, én lûdman Harry Zwerver, in aardich oantinken. Piter Wilkens krige boppedat in spesjaal kado, dat yn de fierte it measte hie fan in ‘gouden plaat’, mei as motto: ‘Freonen binne as stjerren, kinst se net altyd sjen, mar wist dat se der altyd binne.’

Winnaars meisjes
Meisjes en dames 1ste klas te gast bij Kf de Trije Doarpen Algemeen 3 uur geleden
Opening eerste kraanwatertappunt van Feanwâlden
Tsjoch! Gezonde toost op de koning Algemeen 4 uur geleden
Kleinzoon Peter Joslin (midden met rode das) bij resten van de bij Warten neergestorte Lancaster R5682.
(video) Geraakt, de laatste vlucht van de Lancaster R5682 Algemeen 17 uur geleden
Jan Loman, 25 jaren later 1, 1988 - zeefdruk.
Duo-expositie over Jan Loman in Beetsterzwaag en Gorredijk Algemeen 18 uur geleden
Ronde van Harkema
Ronde van Harkema keert terug en wordt 5e etappeplaats wielerwedstrijd Algemeen 20 uur geleden
Fan links nei rjochts: Bram Zwart (Bertus Aafjes) , Samuel van Aken (Dirk Bakker) en Abia Manzanares (Popke Bakker).
'MOED' oer broers Bakker út Bûtenpost alhiel útferkocht Algemeen 21 uur geleden
Lezing Ruurd Wiersma 7 mei
De excentrieke schilder Ruurd Wiersma: Het intrigerende verhaal achter een 'aparte kwast' en zijn bijzondere artistieke erfenis Algemeen 22 uur geleden
De containerdrummers van De Marko's
Koningsdag met de containerdrummers Algemeen 23 uur geleden
Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding
Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding Algemeen gisteren
Hemelvaartsdienst in Bos van Ypey
Hemelvaartsdienst in Bos van Ypey Algemeen gisteren
Vraag nu je schoolspullen voor het nieuwe jaar aan bij Stichting Leergeld.
Vraag nu je schoolspullen voor het nieuwe jaar aan bij Stichting Leergeld Algemeen 28 apr, 10:00
KidsFestival in de meivakantie in De Lawei
KidsFestival in de meivakantie in De Lawei Algemeen 28 apr, 09:00
Start ‘Kamers met aandacht’ gezocht voor jongeren.
'Kamers met aandacht' gezocht voor jongeren Algemeen 27 apr, 17:00