Feninige froulju yn ‘L’amourexia’

Cultuur

Feninige froulju yn ‘L’amourexia’: De fjouwer froulju yn it hûs fan Bob yn Súd-Frankryk. F.l.n.r.: Doris (Stienie Boskma), Aafke (Matty Dijk), Pem (Ida van der Veen) en Jeanine (Hennie Veenstra). De ljochtblauwe eftergrûn wiist op moai waar en lange dagen, mar de sfear yn ‘L’amourexia’ fan MRV Tesselschade is krekt om te snijen! (Foto: Klaas Rozema)

Feninige froulju yn ‘L’amourexia’

HURDEGARYP – Fjouwer froulju dy’t elkoar net kenne, komme yn Frankryk byïnoar yn it hûs fan harren eks-man (‘Bob’), omt se miene dat hy harren útnoege hat. Se miene dat sy allinne mei him wêze sille, mar wurde dan ûnferwachte mei de oare eksen konfrontearre. En Bob? Dy is nearne te finen!

It is fansels in typysk optocht ferhaaltsje foar in komeedzje, mar dan wol mei in soad frouljusfenyn. Yn in simmersk oandwaand dekôr, mei oerdei in ljochtblauwe loft op de eftergrûn, meitsje de fjouwer froulju elkoar hast ôf – net fysyk, mar mei de mûle. Undanks de agressiviteit dy’t fan it ?toaniel spat, bliuwe de ‘wenkeamer’ en it túntsje dêrneist opfallend lang tige op oarder.
De fjouwer tige útienrinnende froulju doarre elkoar de wierheid te sizzen. De âldste wurdt útmakke foar ‘hypochonder’ (immen dy’t har altyd soargen makket oer har eigen sûnens), de jongste kriget te hearren dat se gjin smaak hat. Pem, de twadde eks-frou fan Bob, is lesbysk wurden en rint om yn in túnbroek. “As’t ien kear sa’n fint hân hast, wolst noait wer in fint!” seit sy oer Bob. Krekt foar it skoft docht bliken dat Bob syn syljacht earne by Madeira op de rotsen slein is. Fan Bob gjin spoar! Nei it skoft wurdt de sfear noch oan-skerpe. No moat foaral Jeanine, de ‘maitraisse’ fan Bob, dy’t yn syn hûs wennet, it ûntjilde.

‘Steurstjoerder’ yn dizze ‘oarder’ is de mobile telefoan. Dy wurdt in pear kear effektyf brûkt om it stik in draai te jaan. Dat liedt ek ta it ferrassende en gremitige slot, dat ik hjir fansels net ferklappe wol. Mar allinne al it lulke gesicht fan Aafke (Matty Dijk) soe jin (as man) deabenaud meitsje!
De fjouwer froulju ‘schmiere’ frijwat op it toaniel, mar it past by dizze komeedzje. Dekôr, ljocht en lûd wiene tige yn oarder by dizze premjêre, net allinne fan dit ferfryske stik, mar ek fan  yn it nije mfc ‘It Maskelyn’ yn Hurdegaryp. Einlings kin de toanielploech ris sweeslaan mei in rom toaniel, yn ferliking mei de krappe romte yn ‘De Schalmei’. Mei dit stik hat it publyk in slagge, feninich-fleurige jûn. It is skreaun troch Hetty Heijting, yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma en regissearre troch Anny Veenstra.

Module gebied
Meer natuur in polder Siderius bij Earnewâld Algemeen 3 uur geleden
Jan Loman
Duo-expositie over Jan Loman in Beetsterzwaag en Gorredijk Algemeen 4 uur geleden
Openluchtmuseum “De Spitkeet”
Voorjaars wandeltocht Algemeen 5 uur geleden
Doe ook met met de Fluitenkruidloop.
4e Recreatieve Fluitenkruidloop Veenklooster e.o. Algemeen 6 uur geleden
Winnaars meisjes
Meisjes en dames 1ste klas te gast bij Kf de Trije Doarpen Algemeen 7 uur geleden
Opening eerste kraanwatertappunt van Feanwâlden
Tsjoch! Gezonde toost op de koning Algemeen 7 uur geleden
Kleinzoon Peter Joslin (midden met rode das) bij resten van de bij Warten neergestorte Lancaster R5682.
(video) Geraakt, de laatste vlucht van de Lancaster R5682 Algemeen 21 uur geleden
Jan Loman, 25 jaren later 1, 1988 - zeefdruk.
Duo-expositie over Jan Loman in Beetsterzwaag en Gorredijk Algemeen 22 uur geleden
Ronde van Harkema
Ronde van Harkema keert terug en wordt 5e etappeplaats wielerwedstrijd Algemeen 23 uur geleden
Fan links nei rjochts: Bram Zwart (Bertus Aafjes) , Samuel van Aken (Dirk Bakker) en Abia Manzanares (Popke Bakker).
'MOED' oer broers Bakker út Bûtenpost alhiel útferkocht Algemeen gisteren
Lezing Ruurd Wiersma 7 mei
De excentrieke schilder Ruurd Wiersma: Het intrigerende verhaal achter een 'aparte kwast' en zijn bijzondere artistieke erfenis Algemeen 28 apr, 14:00
De containerdrummers van De Marko's
Koningsdag met de containerdrummers Algemeen 28 apr, 13:02
Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding
Anke Bijlsma krijt Keninklike ûnderskieding Algemeen 28 apr, 12:11