Deputearre Eke Folkerts hat fia in fideoferbining krekt it heuglike nijs ferteld oan de winner.
Deputearre Eke Folkerts hat fia in fideoferbining krekt it heuglike nijs ferteld oan de winner. Foto: Ingezonden

Tiny Mulderpriis 2026 foar Rymke Zijlstra

Algemeen

De nije Tiny Mulderpriis wurdt dit jier takend oan Rymke Zijlstra foar har boek It geheim fan Gurja. De priis bestiet út €4.000,- en in oarkonde. Deputearre Eke Folkerts rikt de priis op freed 30 oktober út. 

It geheim fan Gurja is in spannend en spektakulêr ferhaal. Yn it rapport fan de advyskommisje skriuwe de leden Liuwe Westra, Kate Schlingemann en Lara Kool dat de oersetting fan Rymke Zijlstra “in stik ynternasjonale jongereinliteratuer oanboarret, dy’t oant no ta yn Fryslân ûnbekend wie. It spannende ferhaal wurdt tagonklik en meinimmend ferteld, en ek al is it lânskip net botte Frysk, jo krije as lêzer net it gefoel dat jo taalkundich yn it bûtenlân bedarje. Dit tsjûget fan poerbêst oersetwurk!” 

Tiny Mulderpriis

De provinsjale Tiny Mulderpriis wurdt dit jier foar it earst útrikt foar jeugd- en/of berneliteratuer dy’t oerset is nei of út it Frysk. De priis is neamd nei skriuwster, dichteres, sjoernaliste en oersetster Tiny Mulder (1921-2010), dy’t in grutte bydrage oan de Fryske literatuer én berneliteratuer levere. De nije priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t advys krijt fan in advyskommisje. Dy kommisje hat wurk beoardiele dat ferskynd is yn de jierren 2020 oant en mei 2025.

Oer de winner

Rymke Zijlstra (1975) is in literêr oersetter. Sûnt 2024 wennet se yn Noarwegen. Earder sette se û.o. De bruorren Liuwehert oer fan Astrid Lindgren en Lampke fan Annet Schaap. Yn 2025 ferskynde It geheim fan Gurja dat se út it Noarsk wei oersette nei in boek fan de berneboekeskriuwster Julia Kahrs.

Earfolle fermelding

Njonken dizze priis jout de sjuery in earfolle fermelding oan it bêste boek yn de kategory fan printe- en foarlêsboeken en dat is It bijeboek, oersetten troch Ytsje Steen.

Park Vijversburg
Statig Groen in Park Vijversburg Algemeen 3 uur geleden
Steltkluten vliegen bij windmolens.
De grote reis begint: Vogeltrek boven Friesland, Wadden en de Noordzee Algemeen 4 uur geleden
Wensambulance Noord-Nederland bezoekt Dokkum.
Wensambulance Noord-Nederland bezoekt Dokkum Algemeen 4 uur geleden
Wettertoerkapel Earnewâld.
Dweilorkest De Wettertoerkapel Algemeen 5 uur geleden
Deze historische foto toont de legendarische theaterdirecteur Roel Oostra die over de maquette van Schouwburg De Lawei in het miniatuurpark Madurodam buigt.
Bijzonder eerbetoon aan Roel Oostra in Drachten Algemeen 7 uur geleden
Afbeelding
Buiten koken als onderdeel van een actieve dag Zaken 8 uur geleden
Rotaryclub Dokkum wint landelijke Botary en roeit € 2.500 bij elkaar voor goed doel.
Rotaryclub Dokkum wint landelijke Botary en roeit € 2.500 bij elkaar voor goed doel Algemeen 8 uur geleden
Armoede in Noardeast-Fryslân onder de aandacht:
Op een lege maag kun je niet leren Algemeen 9 uur geleden
FJOER!, de performancegroep van Drumband De Marko's.
Burgum geniet van geslaagd Drumbandfestival Algemeen gisteren
Kees Storm en Marcella Bonnema bij borstbeeld Abe Bonnema in Stiens.
Borstbeeld Abe Bonnema onthuld in Stiens Algemeen gisteren
Prachtige derde editie straatkaatsen bij cafe Gaatze in Easternijtsjerk.
Prachtige derde editie straatkaatsen bij café Gaatze in Easternijtsjerk Algemeen 7 sep, 15:00
Lonneke Veenstra - voor het werk van Taco Yutong Huo.
Galerie Postpartum stelt grens, identiteit en migratie centraal in nieuwe tentoonstelling Algemeen 7 sep, 13:00
Leerlingen bekijken het schilderij Maaltijd te Dokkum.
900 leerlingen van Dockinga College gaan De Zonnekoning van Dokkum bezoeken Algemeen 7 sep, 12:30