
Kwartettekoar yn Sumar
AlgemeenOp snein 3 maaie fersoarget it Kwartettekoar de tsjerketsjinst yn de Doarpstsjerke yn Sumar. Dit koar, dat bestiet út sjongers út de hiele provinsje, fersoarget yn ferskillende gearstallingen optredens. It koar wol Fryske liturgyske musyk út it Lieteboek en út de bundel Hertslach mear bekindheid jaan.
It Frysk is in prachtige taal om yn te sjongen en in moaie taal om de boadskip fan leafde oer te bringen. It tema fan de tsjinst op 3 maaie is ‘Reisgenoaten’.
De tsjinst begjint om 9.30 oere. Eltsenien is wolkom!



















