Beeld van Liet 2024.
Beeld van Liet 2024. Foto: Piet Douma

Sân finalisten Liet 2025 bekend

Algemeen

De sân artysten dy’t op 11 septimber yn de finale fan it Frysktalige sjongfestival Liet steane, binne bekend. Se binne keazen troch de seleksjesjuery en troch stimmen fan it publyk, dat online ien wildcard foar de finale fuortjaan koe. Der is manmachtich stimd, it Fryske liet libbet yn Fryslân! 

De artysten dy’t yn de Neushoorn sjonge en spylje meie, binne Anke, Anke Stilma, Anna Spark, Mayte, Rowan Veltman, Sym & Sanne en Welmoed. Fan herte lokwinske! 

Ien fan de sân artysten wurdt de opfolger fan Fegebart dy’t de finale fan Liet 2024 wûn mei it oanstekkelike ‘Bingojûn’. De winner fan Liet 2025 sil Fryslân en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Arnhem op 1 novimber. Dêrneist stiet de winner op it poadium fan Aaipop yn 2026! Ek dit jier leit foar it liet mei de bêste songtekst de Gryt van Duinen-tekstpriis klear. Nei alle ferwachtings sil Liet International ek wer plakfine yn 2026. De winner fan Liet 2025 sil Fryslân en de Fryske taal op dat internasjonale poadium fertstjintwurdigje. 

It Fryske publyk hat goed 2223 stimmen útbrocht en dêrmei oanjûn wa’t sy yn de finale sjen wol. Dêr hat Anke de measte stimmen (625) fan krigen foar har liet ‘Alles watsto dochst’ en stiet sy streekrjocht yn ’e finale fan Liet 2025. “Wy binne tige ferrast dat sa’n soad Friezen mar ek net-Friezen harren stim útbrocht ha, dat is wier in rekôr”, seit Liet-foarsitter Pieter de Boer. “It docht bliken dat de jongerein it Frysk sjongfestival Liet fûn hat, sjoen de leeftiid fan de dielnimmers. En it is opfallend dat der sa’n soad talintfolle jonge froulju meidogge. Ik wit seker dat der kânshawwers foar it winnen fan it Regio Songfestival tusken sitte”. 

Op 11 septimber steane net allinnich de sân finalisten op it poadium. Fegebart sil optrede mei harren winnende liet ‘Bingojûn’ en in pear nije songs. De winner fan Sjong, Max Bosma, stiet ek op it poadium lykas âld-Lietdielnimmer Grymtosk. Op de jûn sels kin it publyk wer stimme op harren favoryt, sawol yn ‘e seal as online. De finale is live te sjen by Omrop Fryslân fia telefyzje en online fia de Omrop-app fan 19.30 oere ôf. 

De kaartferkeap set ynkoarten út ein en binne te keap by www.neushoorn.nl 

Stuw in de bossen van Oranjewoud.
Wetterskip Fryslân biedt inwoners Friese zandgronden subsidie voor maatregelen tegen droogte Algemeen 18 uur geleden
Van hardloopschoenen naar luchtgeweren: Loopclub Burgum en EDAN Airshooting ontdekken elkaars sport.
Twee sportwerelden komen samen tijdens bijzondere training in Burgum Algemeen 20 uur geleden
Ruilbeurs in Buitenpost op zaterdag 24 oktober.
Ruilbeurs in Buitenpost op zaterdag 24 oktober Algemeen 21 uur geleden
Foto bestuur van links naar rechts: Dick van Meeuwen, Arjen van der Wal, Jouke van der Wal, Jan van der Wal, Ingrid de Vink, Geert Benedictus, Bert-Jan Ruissen
SGP-afdeling Tytsjerksteradiel officieel opgericht Algemeen 22 uur geleden
Het voormalige Dokwurk-terrein Dokkum in beeld voor het azc.
Het voormalige Dokwurk-terrein Dokkum in beeld voor het azc Algemeen 22 uur geleden
Digitale nalatenschap is belangrijk.
Steeds meer senioren regelen hun digitale nalatenschap Algemeen gisteren
Gemeentepersoneel Opsterland in de jaren '30 van de vorige eeuw. Derde van rechts zitten met keten de in Dokkum geboren Jacob Bleeker. Hij werd in 1912 benoemd tot burgemeester van Rauwerderhem en vervolgens van Utingeradeel (1919) en Opsterland (1929).
Gemeente Opsterland brengt historie tot leven tijdens Dag van de Opsterlandse Geschiedenis Algemeen gisteren
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen.
Museum Dr8888 geeft objecten een nieuw thuis tijdens teruggeefdagen Algemeen 21 okt, 17:00
Ton bij de shirts die lokale bevolking draagt bij het schoonmaken van de stranden.
Ton en Corien uit Drachten strijden tegen plastic in zee en voor de schildpadden op Kaapverdisch eiland Sal Algemeen 21 okt, 16:02
Ook de website Tytsjerksteradiel is offline
Friese digitale overheid plat door PHP-lek, websites van gemeenten offline Algemeen 21 okt, 15:47
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers.
Tv-programma Fryslân Fit brengt valpreventie en bewegen naar de Friese huiskamers Algemeen 21 okt, 15:00
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’
Ouderbijeenkomst: ‘Kijken door de ogen van je kind’ Algemeen 21 okt, 14:00
Stichting Yfke lanceert de Mantelzorgwijzer: informatie voor mantelzorgers op één plek.
Nieuwe Mantelzorgwijzer helpt inwoners van Dantumadiel en Noardeast-Fryslân op weg naar passende ondersteuning Algemeen 21 okt, 13:04