Aant Jelle Soepboer yn sporthal Nije Westermar mei 'De Rede fan Burgum'
Aant Jelle Soepboer yn sporthal Nije Westermar mei 'De Rede fan Burgum' Foto: Actief Media

Keamerlid Soepboer oer Burgum: “Groei gjin doel op ‘m sels”

Algemeen

Meitsje fan groei fan Burgum – mear wenningen, mear ynwenners – gjin doel op ‘m sels. Dat wie it wichtichste boadskip fan Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer yn de twadde ‘Rede fan Burgum’, moandeitejûn 14 oktober 2024. Foarich jier wie de earste, troch boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel.

Troch Gerrit van der Meer

Soepboer begûn syn lêzing mei in Frysktalige, eigen gearfetting fan de fabel oer ‘het lelijke eendje’, dat in swan bliek te wurden. Hy einige mei it byinoar kommen fan dizze swan en trije oare swannen, en de fraach oan de minsken yn de seal fan sporthal De Nije Westermar: “Witte jimme de nammen fan dy trije oare swannen?” Nimmen doarst der in slach nei te slaan. Soepboer: “Dokkum, Ljouwert en Drachten. Dus Burgum is ek in prachtige swan!”

Mar dêrnei kaam syn fraach: “Hokker plak wolle jimme wêze? In lytse stêd of in grut doarp?” Hy warskôge dat dêroer earst oerienstimming fûn wurde moat, ear’t út ein setten wurdt mei nijbouplannen. “Want bliuwt der ek romte foar de romte? Jimme hawwe hjir de Soestpolder, de Dobben, de pingo’s, de Burgumer Mar: wês dêr wiis mei. Want jo kinne de romte mar ien kear weijaan!”

“In bytsje myn eigen doarp”

De âld-FNP-wethâlder fan Noardeast-Fryslân, hikke en tein yn Dokkum, hat in soad oantinkens oan Burgum, fertelde er. “Mei ús heit en mem giene wy faak nei de camping yn Earnewâld. As wy dan troch Burgum rieden, begûn ús mem steefêst oer de rook fan brette hinnen. Sa ropt dy swietrook fan Rendac, no Sonac, by my moaie oantinkens op út myn bernejierren.”

Letter waard er dosint yn Burgum. “Ik haw yn dy tsien jier hûnderten, miskien wol tûzenen learlingen foarby kommen sjoen. Moai dat dêrfan guon hjir yn de seal sitte. Sa fielt Burgum in bytsje as myn eigen doarp.”

“Ek ris nei Dokkum”

Hy advisearre de groep ‘Burgum 2040’, inisjatyfnimmer fan ‘De Rede fan Burgum’ en de nij te foarmen Doarpsried om net allinne yn petear te gean mei oare doarpen oan it Prinses Margrietkanaal (Grou en Gerkeskleaster-Strobosk), mar ek mei bygelyks de ûndernimmers fan Dokkum. “Dy hawwe it stribjen om it sintrum fan Dokkum op te wurdearjen nei in njoggen! En hawwe de Admiraliteitsdagen mei-elkoar grut makke.”

‘Elke regio telt’?

De Rede fan Burgum hat as doel om de Burgumers kritysk neitinke te litten oer de takomst fan harren doarp. Mar boargemaster Jeroen Gebben, yn de seal as taharker, stelde ek in krityske fraach oan Soepboer: “Hoe tinke jo oer it rapport ‘Elke regio telt’? Liedt dat ek ta ‘Elke regio geld’? fan dit regear?”

Soepboer ûnderstreke dat dat rapport “tige weardefol” is en dat er syn bêst docht om der foar te soargjen dat ‘elke regio’ foldwaande jild kriget. “En as hjir lokale enerzjywinning plakfynt, lykas gaswinning, soargje dan ek dat de opbringst dêrfan lokaal ynsetten wurdt.”

“Dûbele gefoelens oer de Lelylijn”

In dame yn de seal murk lykwols op “dat wy hjir leaver gjin gaswinning hawwe en ek gjin 380kV-heechspanningskabels en -mêsten.” Soepboer hie dêr begryp foar: “Fansels, mar mocht it dochs hjir komme, besykje dan in part fan de opbringsten hjir hinne te krijen.”

Oer de Lelylijn tinkt Soepboer “mei dûbele gefoelens”. In bettere spoarferbining tusken it Noarden en it Westen, dêr stiet er achter, lykas syn partij Nieuw Sociaal Contract (NSC). “Mar de grutskalige nijbouplannen dy’t der ek mei anneks binne, dêr bin ik kritysk oer. Ik fyn dat der earst in goede maatskiplike kosten- en batenanalyse nedich is.”

Actueel

Steunouder Naomi.
Ik wilde iets betekenen voor een kind en kreeg er zoveel voor terug Algemeen 1 uur geleden
De Poptaschat.
Fries Museum werpt nieuw licht op Friese zilverschat die de wereld veroverde Algemeen 3 uur geleden
De Dorpskerk van Sumar.
Kwartettekoar yn Sumar Algemeen 5 uur geleden
Een scene uit Utrikke.
Theatervoorstelling Útrikke komt naar Jubbega Algemeen 6 uur geleden
Willeke Smits.
Orgelconcert Willeke Smits op vrijdag 1 mei in Grote Kerk Drachten Algemeen 7 uur geleden
Een smid in actie.
Terug in de tijd met oude ambachten in Blije Algemeen 9 uur geleden
Familie van der Vijver.
Samen vieren op de Markt Algemeen 25 apr, 15:38
Jack Bottleneck & Rik Meijer.
Jack Bottleneck & Rik Meijer rauw en authentiek Algemeen 25 apr, 12:59
Smallingerland schaft de hondenbelasting misschien af, maar vooreerst nog niet.
Smallingerland schaft hondenbelasting (nog) niet af Algemeen 25 apr, 11:56
Kom ook naar de filmhuisavond!
Feestelijke laatste filmhuisavond in Dokkum Algemeen 25 apr, 10:27
De Spitkeet.
Wat gaan we doen in de meivakantie? Algemeen 25 apr, 10:11
Op pad met natuurgids in Feanwâlden.
Op pad met natuurgids in Feanwâlden Algemeen 25 apr, 08:30
500 tulpen vormen bloemenkunstwerk voor Keningsdei in Dokkum
500 tulpen vormen bloemenkunstwerk voor Keningsdei in Dokkum Algemeen 24 apr, 18:00
Tijdens de Frije Cross Blije legde de Hea-caravan van Omrop Fryslân het lootje.
“De Moaiste Sneon Foar ‘e Boufak” voor de achttiende keer! Algemeen 24 apr, 17:00
De gedecoreerden van de Lintjesregen in Smallingerland met rode stropdas Burgemeester Fred Veenstra.
Ridder en vier Leden in de Orde van Oranje Nassau in Smallingerland Algemeen 24 apr, 15:22
Koninklijke onderscheidingen die gegeven worden tijdens de lintjesregen.
Decorandi lintjesregen gemeente Achtkarspelen 2026 Algemeen 24 apr, 15:15