Douwe Kootstra (links) en Tsjerk Veenstra yn kafee't Roodhert yn Burgum, oer Tsjibbe Gearts van der Meulen.
Douwe Kootstra (links) en Tsjerk Veenstra yn kafee't Roodhert yn Burgum, oer Tsjibbe Gearts van der Meulen. Foto: Actief Media

Tsjibbe Gearts efkes tebek yn ’t Roodhert op syn 200e jierdei

Algemeen

De Burgumer skriuwer, sjoernalist, printer, téaterman, dichter, klokmakker (en noch mear) Tsjibbe Gearts van der Meulen waard op 6 maaie 1824 berne op de Burgumerdaam: dat wie moandei sekuer 200 jier lyn. Dêrom is dit fierd mei in soarte fan ‘winterjûnenocht’-gearkomste yn kafee ’t Roodhert yn Burgum, dêr’t Tsjibbe Gearts sels ek wol kaam.

Hy stoar op 16 maart 1906, “in kâlde en grize dei”, neffens ferteller Douwe Kootstra út Feanwâlden. “Hy hie eins wollen dat it folk foarop rûn en hysels yn de kiste achteroan nei it grêf brocht waard. Mar oft dat ek bard is? Wy wiene der net by!”

Foardracht-duo yn ‘t Readhert

Tegearre mei âld-Burgumer dosint Tsjerk Veenstra rôp Kootstra Tsjibbe Gearts wer in bytsje ta libben. Mei ferskate anekdoates en ferhalen sketsten sy stikjes fan it libben fan “in hiele apartenien”.

De man moat in hiel soad enerzjy hân hawwe, én tige taai west hawwe. Dat lêste die bliken út de soms dagen- en nachtenlange (fuot-)reizen tegearre mei Waling Dijkstra (Waling-om), yn de jierren 1860-1863, dwars troch Fryslân, om rûnom harren Winterjûnenocht-foarstellingen te jaan. “Der wiene noch gjin of amper diken”, warskôget Kootstra it publyk (lykas leden fan de Burgumer Fryske), ear’t er foarlêst út in eigen ferslach fan Tsjibbe Gearts (mooglik wol wat stevich delsetten) oer sa’n fuotreis mei Waling Dijkstra.

Dwars troch twa sleatten

De manlju hiene optredens jûn yn de Stellingwerven en soene rinnend fan Appelskea, fia Beetstersweach nei Aldeboarn, dêr’t sy harren folgjende foarstelling spylje soene. Sy sliepten yn hotel De Klok yn Beetstersweach en koene noch oer in fatsoenlik paad nei Beets komme. Mar dêrnei gie it – op learzens en mei in gids foarop – dwars troch de greiden nei Aldeboarn. Sy moasten twa sleatten oer of troch (dat lêste dus) en bedarren grif deawurch yn Aldeboarn, jûns om njoggen oere: “In oere te let, dus wie it publyk al wer nei hûs! Mar de kastlein seach op wûnderlike wize kâns binnen in oere eltsenien werom te krijen en doe koe om sa’n tsien oere de foarstelling dochs begjinne!”

In soad tiid om dêrnei út te rêsten wie der net foar de beide artysten. “Sy moasten noch nei Ljouwert rinne, om mei in snikke, in trekskûte, nei Dokkum brocht te wurden. Dêr wie harren folgjende optreden”, fertelde Douwe Kootstra.

“No goeie!”

Tsjerk Veenstra sketste mei in anekdoate de relaasje fan Tsjibbe Gearts mei syn frou Grietje Peereboom. “Op in nacht waard sy wekker. Der wie grif ljocht makke yn ‘e hûs. Sy seach har man yn fol ornaat, alhiel klaaid om der op út. “Ik gean efkes nei Amearika. No goeie!”

Tsjibbe Gearts hat twa kear nei Amearika west, ‘it lân fan dream en winsken’, sa’t er dat sels yn beskreaun hat yn de ‘Lânferhuzerssang’, mar ek yn in wiidweidich ferfolchferhaal yn de Bergumer Courant, dy’t er ek sels oprjochte hie, dêrnei bondele ta in boekje.

Hy wie pionier op allerhanne mêd, ek yn it ûnderwiis, neidat er yn Sweden it ‘nifel-ûnderwiis’ mei eigen eagen sjoen hie. “Mar ferjit net”, murk Douwe Kootstra op, “hy hie sels allinne legere skoalle!”

Ienmalige útstalling

De ‘Tsjibbe Gearts’-jûn wie in inisjatyf fan de Burgumer sjoernalist Jaring de Groot. Foar syn oplieding ta Afûk-dosint hat er him ferdjippe yn libben en wurk fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Sa ûntdiek er dy 200e bertedei fan de man en organisearre dizze bysûndere, ienmalige jûn. Tresoar stelde ferskate dokuminten, foto’s en boeken beskikber foar in lytse útstalling yn ’t Readhert, moandeitejûn te besjen: foar de foarstelling, yn it skoft en dêrnei.

‘Azor’

Douwe Kootstra joech de Burgumers noch in boadskip mei. “De frijtinker Tsjibbe Gearts hat yn ‘e pleit west foar in stânbyld fan Multatuli yn Burgum. Dêr wie er oanhinger fan. Dat is der noait kaam. It is by in hûn bleaun. Mar dat dy hûn in skimerlampe yn ‘e bek hat, dat hie Tsjibbe Gearts grif prachtich fûn. En omdat er sels ek in hûn hie, dêr ’t er hiel wiiis mei wie en dy’t de namme Azor krige, moat neffens my de hûn mei de skimerlampe tenei ek Azor hjitte, as earbetoan oan (de hûn fan) Tsjibbe Gearts!”

Een voorstelling in de bus. Een BUSterbaarlik matinee.
Een voorstelling in de bus. Een BUSterbaarlik matinee. Algemeen gisteren
Geniet van de omgeving van de wâlden.
Een vernieuwde fietsroute Rûntsje troch de Wâlden Algemeen gisteren
Adventure Trail Drachten
Adventure Trail Drachten 2024! Algemeen 18 mei, 12:44
Sinaasappels
Kassenrondleiding Tropische Kas Algemeen 18 mei, 11:33
Pelgrimswandeling in het spoor van H. Titus en Friese kloosters
Pelgrimswandeling in het spoor van H. Titus en Friese kloosters Algemeen 18 mei, 10:00
Dam Jaarsma
Dam Jaarsma-kuier met volksverhalen in Eastermar Algemeen 18 mei, 09:40
In beslag genomen drugs en illegaal vuurwerk. De opbrengsten worden wellicht onder andere geïnvesteerd in vastgoed.
"Ook in Fryslân kan 'ondermijning' zich als langzame olievlek uitbreiden" Algemeen 17 mei, 17:17
Brandweerlieden bezig met het nablussen van de uitgebrande auto met caravan op de Wäldwei nabij Drachten.
File op Wâldwei door uitgebrande auto met caravan 112 17 mei, 16:43
Groove Factory in Iduna
Unieke jamsessies tijdens Groove Factory in Iduna Algemeen 17 mei, 16:28
Theaterconcert O Cielo en vaartocht 'Oudega, ontdek een stukje van dit mooie plekje!'
Theaterconcert O Cielo en vaartocht 'Oudega, ontdek een stukje van dit mooie plekje!' Algemeen 17 mei, 14:00
Frits Veenema terug bij Be Quick Dokkum
Frits Veenema terug bij Be Quick Dokkum Algemeen 17 mei, 12:00
Benefietconcert t.b.v. Hope4Ukraïne
Benefietconcert t.b.v. Hope4Ukraïne Algemeen 17 mei, 11:00
Benefietconcert Alexanderkerk Rinsumageast op 26 mei met “Jazzpresje”
Benefietconcert Alexanderkerk Rinsumageast op 26 mei met "Jazzpresje" Algemeen 17 mei, 10:00