Detail fan it troch in Kollumer sulversmid makke boerd mei 64 fjilden.
Detail fan it troch in Kollumer sulversmid makke boerd mei 64 fjilden. Foto: Ingezonden (Tresoar)

“Frysk damjen âlder as ‘ynternasjonaal’ damjen”

Algemeen

It Frysk damjen, ek wol ‘Oer alles’ neamd, is âlder as it hjoeddeistige ‘ynternasjonale’ damjen. Dat konkludearret âld-wrâldkampioen Frysk damjen en ûndersiker Marten Walinga. Neffens him is it ynternasjonale spul fan no basearre op it Fryske spul.

Dat Fryske spul wurdt al sûnt de santjinde iuw beoefene. It wurdt no spile op in boerd mei hûndert fjilden en hat unike slachregels. Yn tsjinstelling ta it gewoane damjen meist by Frysk damjen alle kanten op slaan: skean, rjochtút en oerdwers.

Ald damboerd yn Ryksmuseum

Ea bestie it damboerd út linen en net út fjilden. It lineboerd – dat noch hieltyd brûkt wurdt – komt oarspronklik út Noard-Afrika en hat deselde slachregels as it Frysk damjen. Mar wêr komt it fjildeboerd wei en hoelang bestiet dat eins al? Konkreet bewiis op dy fraach bleau út en dêrmei ek antwurd op de fraach wêr’t de oarsprong fan it Fryske damspul leit.

Undersiker en âld-wrâldkampioen Frysk damjen Marten Walinga gie nei it Ryksmuseum en kaam dêr in unyk histoarysk damboerd tsjin, datearre tusken 1600 en 1650 en ôfkomstich fan de Ljouwerter keunst- en antykhanneler A.C. Beeling. “Dy hat it yn 1980 oan it Ryksmuseum ferkocht”, neffens Walinga.

Sulversmid út Kollum

It bestean fan dit damboerd – dat op it iuwenâlde spylboerd ‘Alquerque’ út it Midden-Easten liket – wie by Walinga al bekend, allinne fertelde it byskrift him no dat de slachregels fan dit damboerd sekuer oerien lykje te kommen mei de slachregels fan it Frysk damjen.

Nei in yngeand ûndersyk docht bliken dat it boerd nei alle gedachten troch in Fryske sulversmid út Kollum makke is, “nei 1642, foar immen út de aadlike Botnia-famylje.” Troch de datearring, it type boerdspul én it Frysk komôf kin it net oars as dat dit damboerd it Frysk damjen yn syn alderearste foarm sjen lit, mient Walinga: “Mei dêrtroch wurdt ek oantoand dat de oergong fan it damboerd mei 64 fjilden nei it damboerd mei 100 fjilden in Fryske oarsprong hat. Dy kennis makket wer dúdlik dat it hjoeddeistige ynternasjonale damspul fan it Fryske damspul ôflaat is.”

Lêzing en wurkatelier


Om de útkomsten fan it ûndersyk oant it it publyk te presintearjen, organisearje Tresoar en stichting WFD (World Championship Frisian Draughts) op 16 maaie om 20.00 oere yn Tresoar in publykslêzing. Marten Walinga fertelt dan oer de skiednis fan it Frysk damjen en de útkomsten fan syn ûndersyk.

Middeis om 16.00 oere krije jongelju fan it fuortset ûnderwiis les yn Frysk damjen. Dêrnei spylje sy online in toernoai. Mear ynformaasje oer de lêzing en it wurkatelier stiet op tresoar.nl ûnder aginda.

Tinksportkolleksjesintrum Tresoar


Tresoar – literatuermuseum, argyf en biblioteek fan Fryslân – beheart boeken, tydskriften en argiven op it mêd fan fjouwer grutte tinksporten: skaken, bridgen, go en damjen (mei dêrûnder Frysk damjen). Ut it Tinksportkolleksjesintrum wei fasilitearret Tresoar wittenskiplik ûndersyk, lykas it ûndersyk fan Marten Walinga nei it unike damboerd yn it Ryksmuseum. “Ik bin op in konferinsje yn Tampere (Finlân) frege om der in wittenskiplik artikel oer te skriuwen. Dy útdaging gean ik oan.” Sjoch ek: tresoar.nl/bezoeken/agenda

It âlde Frysk damboerd makket diel út fan fjouwer buorden.
Op de 'achterkant' fan it Frysk damboerd koe men triktrak spylje.
Traditionele oogstdag bij de Kruidhof.
Gezellig Oogstfeest voor jong en oud op De Kruidhof Algemeen 6 uur geleden
650 deelnemers gaan LOS in Dokkum en halen ruim € 10.000 op.
650 deelnemers gaan LOS in Dokkum en halen ruim € 10.000 op Algemeen 7 uur geleden
The Dutch Bryan Adams.
Podium De Pleats gaat weer los! Algemeen 8 uur geleden
Ties Oosterhof en Lowieke Heemskerk vijfde op WK Acrogym.
Ties Oosterhof en Lowieke Heemskerk vijfde op WK Acrogym Algemeen gisteren
Boekentour van Gabriëlle Terpstra (rechts) en Remco Kuiper (links) trekt opnieuw door Fryslân
Boekentour van Gabriëlle Terpstra en Remco Kuiper trekt opnieuw door Fryslân Algemeen gisteren
Fûns-foar ûndernimmend Smellingerlân benoemt Robin Hartogh Heys van de Lier (rechts) als voorzitter.
Fûns-foar ûndernimmend Smellingerlân benoemt Robin Hartogh Heys van de Lier als voorzitter en Douwe van Drogen als fondsmanager Algemeen 21 sep, 15:00
Aiden en Ninthe actief in de categorie damesparen van 13-19 jaar.
Aiden Peens en Ninthe Alma zesde op WK Acrogym in Pesaro Algemeen 21 sep, 14:00
Onderschrift: een deelnemer van de Oldehove Cup 2025 maakt een jodan mawashi geri (hoge draaitrap) tijdens kumite: het vrije gevecht.
Oldehove Cup: 171 karateka uit Nederland en België naar Leeuwarden Algemeen 21 sep, 13:00
Repaircafé Dantumadiel nu te vinden in Hoeve de Houtwiel.
Repaircafé Dantumadiel staat weer voor u klaar Algemeen 21 sep, 11:30
Zaterdag 26 september Museumnacht FRL.
Museumnacht FRL laat Friesland in het donker anders beleven Algemeen 21 sep, 10:32
Gratis GroenMakers-training voor inwoners in gemeente Leeuwarden
Gratis GroenMakers-training voor inwoners in gemeente Leeuwarden Algemeen 21 sep, 10:00
Laat u verrassen door de bijzondere verhalen van de gids!
Parkenrondleiding Tropische Kas Beetsterzwaag Algemeen 21 sep, 08:30
Heren triathlonteam van Impala promoveert naar de landelijke eredivisie.
Heren triathlonteam van Impala promoveert naar de landelijke eredivisie Algemeen 21 sep, 07:30