(Hoe) wurdt it Frysk oerbrocht fan âlders op harren bern? Dit wurdt yn Fryslân neier ûndersocht en dan ferlike mei Noard-Dútslân en Quebec yn Kanada.
(Hoe) wurdt it Frysk oerbrocht fan âlders op harren bern? Dit wurdt yn Fryslân neier ûndersocht en dan ferlike mei Noard-Dútslân en Quebec yn Kanada. Foto: Ingestuurd

Nij Frysk ûndersyk nei taaloerdracht yn jonge gesinnen

Algemeen

Hoe bringe (takomstige) âlders harren taal oer op harren bern? Dat is de sintrale fraach yn in nij, ynternasjonaal opsetten ûndersyk ûnder Fryske âlden (of: âlders), dy’t al jonge bern hawwe, of dy’t graach bern krije wolle. It ûndersyk sil ûngefear twa jier yn beslach nimme.

It ûndersyk rjochtet him op minsken mei in bernewinsk, takomstige âlden dy’t in poppe ferwachtsje en op âlden dy’t jonge bern ha. Tidens it projekt wurdt mei fragelisten wurke. Dêrmei wurdt yn kaart brocht fan hokfoar ynformaasjeboarnen âlden ferlet hawwe as sy mear witte wolle oer it opbringen fan harren bern mei it Frysk en op hokfoar mominten sy dy ynformaasje ûntfange wolle.

Ynternasjonaal

De data sille fierder ek ynsjoch jaan yn de motivaasje fan âlden om it Frysk wol of net oer te dragen oan harren bern en liede ta oanrikkemmandaasjes foar beliedsmakkers. Haadûndersiker Ruth Kircher hat ûnderfining mei ferlykber ûndersyk yn de Frânsk-Ingelske provinsje Quebec yn Kanada. Kircher sil it ûndersyk liede en tagelyk inselde ûndersyk útfiere yn Noard-Fryslân yn Dútslân. Sa kinne beide situaasjes mei-inoar ferlike wurde en der fan inoar leard wurde.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) parents’, dat twa jierren yn beslach nimme sil. 

Taalhâlding en taaloerdracht

Taaloerdracht is belangryk foar it fuortbestean fan in taal. De persoanlike hâlding dy’t minsken oannimme oangeande de (minderheids)taal spilet dêrby in wichtige rol. Ruth Kircher (ECMI), Jelske Dijkstra (Mercator/ Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Suzanne Dekker (Mercator/ Fryske Akademy) sille harren dêrom de kommende twa jier dwaande hâlde mei ûndersyk nei de taalhâlding fan (takomstige) âlden oangeande it Frysk en it meartalich opgroeien. Dêrnei sil der in taalkampanje út ein setten wurde.

ECMI hat lieding

Kircher, Dijkstra, Dekker en Vellinga sille yn alle fazen fan it projekt goed mei inoar gearwurkje, mar it ECMI út Flensburg sil it ûndersyk liede. It Mercator Kennissintrum en de Afûk binne ferantwurdlik foar de datasamling. Mercator hat de supervyzje oer de analyze en it rapport. De Afûk liedt dêrnei de bewustwurdingskampanje foar (takomstige) âlden, op basis fan de ûndersyksresultaten. Dêrneist wurde der materialen ûntwikkele foar profesjonals dy’t wurkje mei jonge bern en (takomstige) âlden, lykas ferloskundigen, logopedisten en bernedokters, om harren kennis en bewustwurding oer meartaligens en it Frysk te fergrutsjen.

Oer ECMI

It European Centre for Minority Issues (ECMI) yn Flensburg is binnen Europa in renomearre ynstitút foar de beskerming en fersterking fan de posysje fan minderheden. It is in ûnôfhinklik en ynterdissiplinêr ûndersykssintrum, dat yn 1996 oprjochte waard troch de regearen fan Denemarken, Dútslân en Sleeswyk-Holstein.

Oer Mercator

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum is ûnderdiel fan it wittenskiplik ûndersyksynstitút Fryske Akademy, dat dit jier 85-jier bestiet.

Oer Afûk

Afûk is de promoasje-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer en hat sadwaande in ferskaat oan taken op it mêd fan ûnderwiis en taalpromoasje yn en oer it Frysk. Afûk fersoarget taalkursussen en Frysktalige learmiddels, mar jout ek boeken en tydskriften út, ûntwikkelet taal- en bewustwurdingskampanjes en is partner yn ynternasjonale minderheidstaalprojekten.

Vaar naar het oorlogsmonument 'De Zwaluwhaven'
Met een sloep varen naar het oorlogsmonument 'De Zwaluwhaven' in Nationaal Park de Alde Feanen Algemeen 3 uur geleden
Doe ook mee met de excursie van IVN Natuureducatie!
Rondje Bolwerken Dokkum Algemeen 4 uur geleden
Nederland, Oentsjerk, 25-04-2024. Presentatie van het boekje met Doarpskuierkes.
Feestelijke presentatie nieuwe editie Doarpskuierkes Algemeen 20 uur geleden
Dodenherdenking en kranslegging in Drachten
4 mei dodenherdenking Drachten Algemeen 21 uur geleden
Voorstelling Ik ben Wil in theater Sense Dokkum 5 juni
Derde symposium van Ik ben Wil over dementie op 5 juni met voorstelling 'De Klosdochter' Algemeen 22 uur geleden
Het organisatieteam van de Bonifatiuscup 2024 v.l.n.r.: Marcel Dol, Geeke Draijer, Sonja Louwsma, Jacob Haakma, Karel Hellinga, Marjan Stellema en Sjoerd Radersma.
Achtste editie van toptoernooi Bonifatiuscup Algemeen 23 uur geleden
Hessel verricht de officiële openingshandeling van de rolstoelfiets
Dokkum nu ook per rolstoelfiets bereikbaar Algemeen gisteren
Overhandiging dichtbundel aan Wierd en Fokje Pietersma, door de leerlingen van CSG Liudger
"Wij vinden het belangrijk dat mensen aan de goede kant van de geschiedenis staan" Algemeen 1 mei, 10:30
Sjoerd Bakker, begin 1943.
Bijzondere dodenherdenking op 4 mei in Buitenpost Algemeen 1 mei, 09:23
Kom ook naar de plantjesmarkt!
Plantenmarkt met groenspecialisten en hobbykwekers Algemeen 1 mei, 08:27
4 Mei Dodenherdenking Beetsterzwaag.
Dodenherdenking Beetsterzwaag Algemeen 30 apr, 16:03
Afbeelding
Op reis? Vergeet niet om je reisverzekering te regelen! Zaken 30 apr, 14:55
Afbeelding
Lingerie: Een bijzonder stuk kleding Zaken 30 apr, 14:54