It Readtsjerkje yn Readtsjerk docht mei oan 'Tsjerkepaad 2022' mei in eksposysje.
It Readtsjerkje yn Readtsjerk docht mei oan 'Tsjerkepaad 2022' mei in eksposysje. Foto: Ynstjoerd

’t Readtsjerkje mei in skildereksposysje fan Erik Wijthoff

Algemeen

It Readtsjerkje yn Readtsjerk is fan ‘t simmer fan 2 july oant en mei 10 septimber alle sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere iepen, útsein 6 augustus. Der komt in nije eksposysje en jo kinne it prachtige tsjerkje besjen. Der steane frijwilligers klear om as gastfrou/-hear it ien en oar oer de skiednis te fertellen.

Erik Wijthoff sil dit jier syn skilderijen exposearje. Fan 1974 oant 2015 wie Wijthoff húsdokter yn de Trynwâlden. Yn 2005 wie hy langere tiid siik en koe hy syn wurk as húsdokter net dwaan. Ek sporten as hurdrinne, fytse, reedride en golfje kamen op in leech pitsje te stean. Wat te dwaan? Skilderje! It portretskilderjen hie wol syn foarkar en dêr gie dan ek de measte oandacht nei út.

Portretten en mear

Hy hat in skoft les hân fan Doet Boersma, dy’t yn 2021 de eksposysje yn ‘t Readtsjerkje fersoarge hat. Wijthoff skilderet portretten fan bygelyks sporters as Eeuwe de Vries, dy’t as jongste dielnimmer de alvestêdetocht fan 1963 útriden hat. Der komt ek in portret fan sjongeres Gezina van der Zwaag. Sy sil in konsert jaan by de iepening op 2 july om 13.30 oere (tagong fergees!).

Ferkeap by opbod

Noch in boppeslach: Wijthoff makke lânskipsskilderijen fan de tsjerke fan Wânswert en fan ’t Readtsjerkje. Hy biedt dizze skilderijen te keap oan (by opbod fia de webside www.readtsjerkje.nl) en de opbringst is foar ’t Readtsjerkje. It tsjerkje is yn behear by stifting ‘Ta behâld fan ‘t Readtsjerkje’. Fierdere ynformaasje folget op de webside  www.readtsjerkje.nl

Dodenherdenking en kranslegging in Drachten
4 mei dodenherdenking Drachten Algemeen 18 uur geleden
Voorstelling Ik ben Wil in theater Sense Dokkum 5 juni
Derde symposium van Ik ben Wil over dementie op 5 juni met voorstelling 'De Klosdochter' Algemeen 19 uur geleden
Het organisatieteam van de Bonifatiuscup 2024 v.l.n.r.: Marcel Dol, Geeke Draijer, Sonja Louwsma, Jacob Haakma, Karel Hellinga, Marjan Stellema en Sjoerd Radersma.
Achtste editie van toptoernooi Bonifatiuscup Algemeen 20 uur geleden
Hessel verricht de officiële openingshandeling van de rolstoelfiets
Dokkum nu ook per rolstoelfiets bereikbaar Algemeen 22 uur geleden
Overhandiging dichtbundel aan Wierd en Fokje Pietersma, door de leerlingen van CSG Liudger
"Wij vinden het belangrijk dat mensen aan de goede kant van de geschiedenis staan" Algemeen 23 uur geleden
Sjoerd Bakker, begin 1943.
Bijzondere dodenherdenking op 4 mei in Buitenpost Algemeen gisteren
Kom ook naar de plantjesmarkt!
Plantenmarkt met groenspecialisten en hobbykwekers Algemeen 1 mei, 08:27
4 Mei Dodenherdenking Beetsterzwaag.
Dodenherdenking Beetsterzwaag Algemeen 30 apr, 16:03
Afbeelding
Op reis? Vergeet niet om je reisverzekering te regelen! Zaken 30 apr, 14:55
Afbeelding
Lingerie: Een bijzonder stuk kleding Zaken 30 apr, 14:54
Deelnemers van de bevrijdingsloop Burgum
Bevrijdingsloop 5 mei Burgum Algemeen 30 apr, 13:02
Aankondiging elfstedenroeimarathon - 210 roeien in 24 uur
38ste elfstedenroeimarathon 2024 een feit! Algemeen 30 apr, 12:00
Dodenherdenking in Drogeham
Dodenherdenking Drogeham Algemeen 30 apr, 11:00