Skoalbern himmelje sintrum fan Gytsjerk
AlgemeenYn gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel en beide skoallen Ichthus en Thrimwalda (groepen 5-6 en 7-8), hat Doarpsbelang Gytsjerk in himmelmiddei organisearre fanút Doapshûs De Bân. De juffen Froukje en Petra hienen 14 groepen foarme om it hiele sintrum fan Gytsjerk skjin te meitsjen fan plastic, hout en oare rommel. “Dat is tige goed slagge”, konstatearret Eeuwe de Vries fan Doarpsbelang.
It foel op dat der, yn ferliking mei eardere jierren, minder ôffal yn de strjitten lei. Dochs waarden der noch trije konteners fol ôflevere by Doarpshûs De Bân. De gemeente hie de konteners levere, ynklusyf knypstokken en prikkers foar alle bern.
Drinken en iten
Sponsor Albert Heijn (Tjeerd Castelein) út Gytsjerk hie soarge foar in hearlike fersnapering foar alle bern. Nei ôfrin wie der ranja, in koek en sjokolade foar alle bern. Klearset troch de frijwillgers fan De Bân en belangeleas beskikber steld troch de krûdenier fan it doarp. Doarpsbelang Gytsjerk betanket alle belutsenen. “Al mei al wie it in tige slagge middei, dy’t wy takom jier graach werhelje wolle, om ús doarp skjin te hâlden”, skriuwt Eeuwe de Vries yn in parseberjocht.