‘De duvelin fan De Helling. Bynammen yn Eastermar’

Cultuur

EASTERMAR – Hylke Braat, Hylke Dempsey, Hylke Pakje: samar trije bynammen foar ynwenners fan Eastermar, út de njoggentjinde, tweintichste en iennentweintichste iuw. Se binne optekene – gauris mei foto’s der by – yn it boek ‘De duveling fan De Helling. Bynammen yn Eastermar’.

Trije auteurs bringe eigen boek út

It boek is gearstald en útjûn troch trije manlju: Elle Bosma (út Nieuw-Vennep, mar mei syn woartels yn Eastermar) en de Eastermarders Ids Groenewud en Sijbren Zandstra. It materiaal is foar in part basearre op earder sammelwurk fan in ferneamde Eastermarder: Dam Jaarsma. Mar mei it ferskil dat de nammen no op alfabet steane.
Boppedat binne mear boarnen brûkt. Halbe de Vries út Eastermar skreau – yn tsjinstelling ta Jaarsma – de échte nammen fan de Eastermarders by de bynammen. Dat dogge de auteurs fan it nije boek ek, alteast: as de bynamme net al te folle op in fûleinige skelnamme útdraait.
Noch in oare boarne wie it boek ‘Village d’Oostermeer en Snakkerburen’ fan F.J. Harterink.

En hoe sit it no mei dy duvelin út de titel fan it boek? Dit is de omskriuwing, op side 23 (fan de 106): “Hellingbaas Sape Piters Boorsma (1837-1917) op Waltsje 1 wie troud mei Sybrigje Popkes Hemkes. De net-troude suster fan Sybrigje, Matsen (ferstoarn yn 1922), wenne by harren yn. ‘Daar moest zij het vuilste werk doen en werd als dienstbode behandeld’, sa seit Harterink yn syn boek op side 17. Matsen molk twa kear deis de skiep oan ‘e Achterwei en moast dan by it hûs fan Rinse van Minnen del. ‘En dan waren deze Van Minnens altijd bang voor de lelijke oude vrouw. Het moet een bazige en onsympathieke vrouw zijn geweest. Zij werd de heks van de helling genoemd en stond altijd met een stok klaar.’
Sa steane der hiel wat beskriuwings yn, dy’t fuort ek in stikjes skiednis jouwe. It boek is dêrmei in oanwinst foar lokale én sosjale skiednis. It is te keap foar 15 euro en ôf te heljen by Ids Groenewoud yn de Beimastrjitte 25, tel. 0512 – 47 16 75, of te bestellen fia de webside fan Pro-Book: www.pro-book.nl, mar dan komme der ferstjoerkosten oerhinne.

Yllustraasje fan Luuk foar Riemkje haar 80e jierdei
Riemkje Pitstra 80 jier! Algemeen 6 uur geleden
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland weer gestart Algemeen 7 uur geleden
Burgemeester Jeroen Gebben, Aline Sprokkereef en Miriam Meijer
Het nieuwe Burgum Magazine is uit! Algemeen 7 uur geleden
De Kia is het meest geregistreerde merk electrische auto in april 2024
Verkoop elektrische auto's stijgt met 9,6% ondanks marktdaling van 3,8% Algemeen 8 uur geleden
Vaste planten: een musthave voor je tuin!.
Vaste planten: een musthave voor je tuin! Algemeen 8 uur geleden
Eén miljoen overstappers bij autoverzekeraars. Foto ter illustratie.
Eén miljoen overstappers bij autoverzekeraars Algemeen 8 uur geleden
Douwe Kootstra (links) en Tsjerk Veenstra yn kafee't Roodhert yn Burgum, oer Tsjibbe Gearts van der Meulen.
Tsjibbe Gearts efkes tebek yn 't Roodhert op syn 200e jierdei Algemeen 9 uur geleden
Sweachster kunst naar Londen.
Sweachster kunst naar Londen Algemeen 10 uur geleden
Kees Kraayenoord spreekt op zondag 12 mei bij Mozaiek0512 in Drachten.
Kees Kraayenoord spreekt op zondag 12 mei bij Mozaiek0512 in Drachten Algemeen 11 uur geleden
Bevrijdingsfestival verzorgde concert voor Oekraïeners in de Klinze.
Bevrijdingsfestival verzorgde concert voor Oekraïeners in de Klinze Algemeen 6 mei, 17:00
Indrukwekkende herdenkingsbijeenkomst Ferwert.
Indrukwekkende herdenkingsbijeenkomst Algemeen 6 mei, 15:00
Waterbeestjesweek Drents-Friese Wold.
Waterbeestjesweek Drents-Friese Wold Algemeen 6 mei, 14:22
Onbeperkt muzikaal Een concert voor en door iedereen.
Onbeperkt muzikaal is concert voor en door iedereen Algemeen 6 mei, 13:00