Afbeelding

‘Op Nij Foriene’ út Oerterp spilet it blijspul ‘Skroei’ fan Alan Ayckbourn

Cultuur

OERTERP - ‘Table Manners’ fan de ferneamde toanielskriuwer Alan Ayckbourn is yn it Frysk oerset troch Janneke Dalstra ta ‘Skroei’. It stik spilet him ôf yn de ytkeamer fan in grut hûs yn Fryslân yn in wykein yn july. Der is in soarte fan famylje-gearkomste yn it hûs fan in sike mem. Dy leit boppe en krije wy net te sjen.

Yn de keamer is Anny, dy't mem fersoarget en net troud is. Dan is der Tom, in feedokter, dy't gauris by har oanrint. Fierder komme der Anny har suster Ruth, mei har man Norman, en Anny har broer Reg mei syn frou Sarah.
Elk fan dizze persoanen hat syn eigen problemen. Anny wurdt ûngeduerich, omdat hja ek wolris wat oars wol as har mem fersoargje, en foaral omdat hja ynwindich fan Tom hâldt, dy't him net uterje doart.
Ruth en Norman hawwe gjin bern en Ruth hat mear oandacht foar oare dingen as foar har man. Norman, dêr't wol wat slinger oan sit, hat it in kear mei Anny besocht, dy't dêr ien kear oan tajûn hat, mar alles besiket om fierdere yntimiteiten mei him foar te kommen.

Norman sit Sarah dwers
Sarah besiket in binende figuer te wêzen yn de famyljerûnte en docht har bêst om elk op in goede manier oan 'e itenstafel te krijen. Troch allerhanne tsjinstellingen en yndividuele problemen, mar benammen troch it hâlden en dragen fan Norman, slagget it Sarah net. Sadwaande rekket dy der ek alhiel mei oan. De hjirfòàr oantsjutte problemen wurde yn it stik nei hichtepunten dreaun.

De utfierings binne op freed 3 en sneon 4 febrewaris, fan 20.00 oere ôf yn MFC De Wier yn Oerterp. Tongersdeitemiddei 2 febrewaris begjint it om 14.00 oere.

19 mei shanty,s en zeemansliederen in Earnewald
De Brêgesjongers zingen op 19 mei in Earnewald Algemeen 5 uur geleden
Spinsters bij De Sûkerei
Alde Maaie bij museum De Sûkerei Algemeen 6 uur geleden
Kinderboekenschrijvers on tour!
Kinderboekenschrijvers on tour! Algemeen 7 uur geleden
Fietsen uit vroegere tijden.
De historische Fietsgroep Noord Algemeen 8 uur geleden
Een plaatje van de mogelijke nieuwe 'hangarwoningen' op het noordelijk deel van het vliegveld van Drachten.
Nieuw bestuur Vliegveld Drachten "snel aan de slag" Algemeen 9 uur geleden
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur.
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur Algemeen gisteren
Maak kennis met de muziekverenigingen van Smallingerland
Muzikale fietsroute Smellingerlûd zet regionale muziekverenigingen in het zonnetje! Algemeen gisteren
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert.
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert Algemeen 7 mei, 15:00
Yllustraasje fan Luuk foar Riemkje haar 80e jierdei
Riemkje Pitstra 80 jier! Algemeen 7 mei, 14:02
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland weer gestart Algemeen 7 mei, 13:00
Burgemeester Jeroen Gebben, Aline Sprokkereef en Miriam Meijer
Het nieuwe Burgum Magazine is uit! Algemeen 7 mei, 12:31
De Kia is het meest geregistreerde merk electrische auto in april 2024
Verkoop elektrische auto's stijgt met 9,6% ondanks marktdaling van 3,8% Algemeen 7 mei, 11:36
Vaste planten: een musthave voor je tuin!.
Vaste planten: een musthave voor je tuin! Algemeen 7 mei, 11:30