
Kadoboek Fryske Boekewike ‘Oan ‘e ein fan De Oere’: pracht portret famylje Zwart út Moddergat
AlgemeenAnne-Goaitske Breteler hat dit jier it Kadoboek skreaun foar de Fryske Boekewike (8 oant en mei 16 novimber 2025). ‘Oan ‘e ein fan De Oere’ giet oer de grifformearre famylje Zwart út Moddergat, wenjend en buorkjend op De Oere 2. Dêr wennet de skriuwster no deunby.
Troch Gerrit van der Meer
It is in ‘non-fiksjeboek’, in soarte fan dokumintêre yn boekfoarm. It giet oer in boerefamylje dy’t fêsthâldt oan âlde gewoanten en tinzen. Mei as gefolch dat de pleats úteinlik fertutearzet en njonkelytsen in boufal driget te wurden. Dat lêste kin men trouwens net sjen oan de 17 (sprekkende) foto’s yn it boekje, dat moat de lêzer basearje op de ynformaasje fan de auteur.
It bysûndere oan it ferhaal is dat de skriuwster no al yn itselde dûbeldoarp Peazens-Moddergat wennet as de famylje Zwart, mar de famylje net kend hat. Sy hat har ynformaasje meast fan minsken dy’t de famyljeleden wol goed kend hawwe, en fûn ek noch wat dokuminten en ynformaasje yn argiven.
Hast buorlju
De lêste fan de trije broers en ien suster wie al wei (hjerst 2019), foardat Breteler har dêr ta wenjen sette en likernôch buorfrou waard fan de pleats.
It is in wat mankelyk ferhaal: de trije bruorren en iene suster fan de famylje Zwart bleaunen alle fjouwer sûnder (fêste) partner en sûnder bern. Fan dizze fjouwer wiene der twa – Wytske en Dirk – dy’t harren oanlutsen fielden ta it buorkjen. Sy bleaune dan ik wenjen yn de pleats: Wytske die de húshâlding en soarge foar it jongfee, Dirk die it oare boerewurk.
Boer Dirk in ‘neikommerke’
Dirk wie boppedat it ‘neikommerke’, berne yn maart 1941, hast sân jier nei syn broer Jan. By syn berte krige Dirk soerstoftekoart. Yn hoefier oft er dêr de rest fan syn libben echt lêst fan hie, wurdt net folslein dúdlik. Wol hat it der neffens Breteler ta laat dat syn suster Wytske (16 jier âlder) Dirk altyd wat bepopke hat.
Pieter en Jan koene (en mochten fan harren âlden) fierder leare. Pieter bedarre nei in stúdzje Frânsk oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam jierrenlang yn it westen fan ’t lân. Dêr krige er letter in wat ûndúdlike funksje by it deiblêd Trouw. Mar doe’t it om de finânsjes koe, kaam er werom op ‘e pleats.
Hanneler yn klean
Jan hie gjin nocht oan learen en kaam nei wat omwegen yn de hannel, foaral fan fan klean. Al rillegau sutele er dêrmei troch it noardeastlike part fan Fryslân.
Anne-Goaitske Breteler sketst knap de ûnderlinge ferhâldings tusken de Zwarten, soms mei in slach om ‘e earm. Sy hat de fjouwer haadpersoanen ommers net persoanlik meimakke. It is in pracht portret wurden fan hoe’t in ARP-famylje om samar te sizzen ‘yn de âlde tiid hingjen bleau’.
Lêzingen
De skriuwster sil yn de Fryske Boekewike fjouwer lêzingen hâlde oer har boek en de famylje Zwart: 10 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean. 12 novimber, 20.00 – 21.30 oere, NUT Burgum, De Pleats, Burgum. 13 novimber, 20.00 – 21.30 oere, Podium Gorter, Balk. 14 novimber, 19.30 – 21.00 oere, Theaterkerk, Nes (Noardeast-Fryslân).
De Fryske Boekewike set útein mei it Frysk Boekefeest en de presintaasje fan it Kadoboek op freedtejûn 7 novimber. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 8 o/m 16 novimber fergees te krijen by oankeap fan € 15,- oan Fryske boeken.



















