
Fryslân, Ierlân en Wales moetsje inoar yn unyk konsert
AlgemeenOp sneontejûn 11 oktober fynt yn De Schierstins (Feanwâlden) in konsert plak dêr’t Fryske, Ierske en Welshe folkmuzikanten yn gearwurkje. In dei letter, op sneintemiddei 12 oktober, wurdt dat konsert werhelle by It Podium yn Drylts.
In jûn fol bysûndere klanken en ferhalen: by it konsert steane mar leafst fiif artysten op it programma – twa út Fryslân, twa út Wales en ien út Ierlân. Tegearre nimme sy it publyk mei op in muzikale reis dêr’t tradysje, taal en hjoeddeiske ynfloeden inoar fersterkje.
De Ierske singer-songwriter Padraig Jack is ien fan de artysten dizze jûn. Mei syn waarme stim, betsjuttingsfolle ferskes en in miks fan Gaelic en Ingelsk wit er syn publyk te reitsjen. Syn muzyk, begelaat op gitaar en piano, kombinearret persoanlike ferhalen mei in sfear dy’t tagelyk noflik én meinimmend is.
Ut Wales komt Gwilym Bowen Rhys, in ambassadeur foar de Welske taal en muzyk. Yn syn wurk komme âlde teksten en meldijen wer ta libben. Dêrmei wûn er ûnder mear in nominaasje foar Folk Singer of the Year by de BBC Radio 2 Folk Awards en de titel Best Solo Artist by de Welsh Folk Awards.
Ek Worldwide Welshman, it alter ego fan Liam Rickard, treedt op. Hy stiet bekend om syn enerzjike optredens fol tragy-komyske folk-pop-balladen, feestnûmers en ymprovisaasje. Mei in meartalige miks en humoristyske anekdoates feroveret er al jierren poadia troch hiel Europa.
De Fryske ynbring komt fan Mayte, in jonge sjongeres mei in krêftige en emosjonele stim. Har ferskes, faak yn it Frysk, binne persoanlik en doordrenkt mei de skientme fan har komôf. Koartlyn wûn se mei har nûmer It dûnset yn my it Fryske songfestival Liet.
Dêrneist is der it duo Grymtosk, besteande út Hille Hiddema en Dirk-Lennart. Hja meitsje muzyk dy’t ynspirearre is troch country en blues, mei yndringende teksten en rauwe meldijen. De namme Grymtosk ferwiist nei in âld Frysk wurd foar de dea – in tema dat yn harren wurk geregeld op subtile wize weromkomt.
Foar mear ynfo en kaarten à €17,50 sjoch op www.schierstins.nl/agenda/iers-welsh-frysk-concert/
De konserten wurde presintearre troch De Schierstins, Celtic Neighbours, Friesland Pop, Afûk, Friese Lente en It Podium. Mei dit projekt wolle de organisaasjes nije ferbiningen lizze en de basis foarmje foar duorsume gearwurking tusken muzikanten út ferskate regio’s en minderheidstalen.



















