Berne-opfang de Romte yn Tytsjerk
Berne-opfang de Romte yn Tytsjerk Foto: Ingezonden

Berne-opfang IKC de Romte yn Tytsjerk behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

Algemeen

Neidat de pjutte-opfang (2-4 jier) fan IKC de Romte it sertifikaat behelle hat, hat no ek de berne-opfang (0-4 jier) fan de lokaasje offisjeel it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. De groepen binne ûnderdiel fan berne-opfang koepel Kinderwoud en sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken yn it deistige program krije. 

Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik. 

Feest!

Om ‘t no sawol de pjutte-opfang as de berne-opfang it sertifikaat behelle hawwe, wie it dêrom op 12 septimber 2025 feest op IKC de Romte. Wethâlder Caroline de Pee hat it sertifikaat oerlange, dy ‘t de pjutten sels útpakke mochten. Dernei hat Janneke Brakels der mei har gitaar, tegearre mei de bern fan de opfang en in tal beukers in gesellich feestje fan makke! 

Ek de âlden fan de bern, de konsulint fan it SFBO en de pedagogysk profesjonals fan de lokaasje wienen oanwêzich om dit feestlike momint mei-inoar te fieren!

By it sertifisearringstrajekt kriget de berne-opfang fan IKC de Romte yn Tytsjerk begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Twatalich wurkjen

Twatalige lokaasjes wurkje mei dúdlike taalôfspraken. De pedagogysk profesjonals brûke konsekwint ien taal. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern. Op de berne-opfang lokaasje fan IKC de Romte biede de pp’ers harren eigen taal oan. De pp’ers hâlde fêst oan de taal dy’t hja fan hûs út went binne te praten. 

Fisitaasjekommisje

Der hat in fisitaasjekommisje yn Tytsjerk west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. 

De kommisje skriuwt yn har rapport:

“Yn de kring wurdt der in ferhaaltsje fan Tomke foarlêzen. Elske docht dat ynteraktyf troch fragen te stellen en te ferdúdlikjen. Yn it ferhaaltsje komt in ‘súdwester’ foar. Elske wiist op de plaat nei de hoed fan Tomke en seit: Sjoch dy hoed fan Tomke neame se ek wol in súdwester. De hoed wurdt yn de wetterplasse brûkt as boat. De boat dy sinkt. Ien fan de âldere pjutten begjint dan oer de Titanic dy’t troch midden brekt en sinkt. Elske: “Do bedoelst dy grutte boat de Titanic dy’t brekt en sinkt.” Troch der op yn te gean en te werheljen krije ek de oare bern yn de kring it ferhaal mei.”

Actueel

Voorbereidende werkzaamheden voor het plaatsen van zonnepanelen op de voormalige waterwinplas Skûlenboarch.
Provincie Fryslân keurt nieuwe natuurtoets zonnepanelenpark Skûlenboarch goed Algemeen 9 minuten geleden
Wil jij ook een kind twee weken opvangen tijdens de zomervakantie?
Dringend vakantiegezinnen gezocht in Groningen, Friesland en Drenthe Algemeen 38 minuten geleden
Molenaar Paul Drent voor de Ypey Mole bij de Ryptsjerksterpolder.
Een draaiend stukje geschiedenis in Ryptsjerk Algemeen 2 uur geleden
Het graspollenseizoen is begonnen!
Hooikoortsseizoen: grassen komen massaal tot bloei Algemeen 3 uur geleden
Tour de Bier bij Auke Vellinga.
Tour de Boer-excursie in Marrum: Gean ek ris mei it fjild yn! Algemeen 5 uur geleden
Molenaar Marco Kraal bij de Hantumermolen. Te bezichtigen tijdens de nationale molendagen van 2026.
Hantumermolen heeft in Marco Kraal een verrassend jonge molenaar Algemeen 6 uur geleden
Doe ook (weer) mee met de Dokkumer Avond Vierdaagse!
Dokkumer Avond Vierdaagse Wandeltochten 2026 Algemeen 8 uur geleden
Een trouwerij in stijl.
Alde Maaie bij museum De Sûkerei Algemeen gisteren
De Hege Stins.
Inspirerende en verbindende avond in Eastermar Algemeen gisteren
Het organisatieteam Bonifatiuscup 2026, v.l.n.r.: Karel Hellinga, Petronella de Boer, Jacob Haakma, Geeke Draijer, Sjoerd Radersma, Janneke Dijkstra, Stephan Overkempe en Sonja Louwsma.
Bonifatiuscup pakt uit met jubileumeditie op het Tolhuispark Algemeen 5 mei, 13:43
Tjalling Werkman en Frank van Dijk (r).
Koning Willem-Alexander schenkt portret van Friese vormgever in bruikleen aan gemeente Noardeast-Fryslân Algemeen 5 mei, 12:32
Sterk optreden van Dyon van der Bie in Oschersleben bekroond met podium en rookieprijs.
Sterk optreden van Dyon van der Bie in Oschersleben bekroond met podium en rookieprijs Algemeen 5 mei, 12:29
Vocalibre brengt Italiaanse barok tot leven in Drachtster kerk
Vocalibre brengt Italiaanse barok tot leven in Drachtster kerk Algemeen 5 mei, 11:00
Oud en jong beleefde een onvergetelijke dag met records, in zwemcentrum De Welle in Drachten
Spanning in en rond het water en records bij zwembad De Welle in Drachten Algemeen 5 mei, 10:00
Nog plaats voor ondernemers bij Broodfondsen in Friesland.
Nog plaats voor ondernemers bij Broodfondsen in Friesland Algemeen 5 mei, 08:30
Molen de Zwaluw open op 9 mei 2026 Nationale Molendag.
Molen de Zwaluw open op 9 mei Nationale Molendag Algemeen 4 mei, 17:00