
DINGtiidlêzing 2025: ‘Fryske taal en sport’ by Harkemase Boys
AlgemeenDINGtiid organisearret op sneon 8 novimber 2025 syn jierlike DINGtiidlêzing. Dit jier is it tema ‘Fryske taal en sport’. Fandêr ek de opfallende lokaasje: by Harkemase Boys yn de Harkema.
Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. Mar ek oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om mear Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine.
Harkemase Boys en it Frysk
De DINGtiidlêzing fynt dêrom plak by de Harkemase Boys op De Harkema, dêr’t it haadbestjoer fertelle sil wêrom’t sy derfoar keazen hawwe om de Fryske taal te brûken yn harren kommunikaasje: op sporttenues, yn de kantine, mar ek by útwedstriden. Ek ‘Sport Fryslân’ is fan de partij en leit út wat it Frysk harren bringt.
Nei de simmerfakânsje wurdt mear bekend makke oer it krekte programma.



















