In part fan it oanplakbiljet yn 19e-iuwske styl fan de jûn fan 6 maaie 2024 yn 't Readhert yn Burgum.
In part fan it oanplakbiljet yn 19e-iuwske styl fan de jûn fan 6 maaie 2024 yn 't Readhert yn Burgum. Foto: Ynstjoerd

200 jier Tsjibbe Gearts van der Meulen, Wâldman en Wrâldboarger

Algemeen

Moandei 6 maaie 2024 is it op de dei ôf 200 jier lyn dat Tsjibbe Gearts van der Meulen berne waard oan de Burgumerdaem, yn it hûs njonken herberch De Drie Gekroonde Baarzen yn Burgum. Van der Meulen wie in Fryske folksskriuwer, klokmakker, drukker, redakteur en útjouwer fan de Bergumer Courant.

As oantinken oan it 200ste bertejier bringe Douwe Kootstra en Tsjerk Veenstra op 6 maaie oansteande in programma yn restaurant Het Roodhert yn Burgum.

Bergumer Courant

Tsjibbe Gearts van der Meulen waard klokmakker, omdat syn heit dat ek wie, mar oan de drukkerij en it skriuwen (yn ’t Frysk en ’t Nederlânsk) hie er gâns mear niget. Yn 1878 kaam it Weekblad voor Tietjerksteradeel út. Dit soe letter oergean yn de Bergumer Courant. De drukkerij fan Van der Meulen siet earst oan de Skoalstrjitte, mar waard letter festige oan de Legewei yn it pân fan de lettere drukkerij en boekhannel Doevendans, dy’t ék de Bergumer Courant útjûn hat, oant 1989.

Nachtenlang ûnderweis

Van der Meulen wie in echte folksskriuwer. Hy skreau toanielstikken, kluchten, foardrachten en noch folle mear. Tink oan: ‘Tryntsje Rommelpôt’ en ‘Myn suchten en myn sangen’. Hy waard dêrby ynspirearre troch de Burgumer ûnderwizer en skriuwer Harmen Sytstra (‘Moai sûnder wjergea binne de Wâlden’) en syn freon Waling Dykstra.

Sa binne ek de suksesfolle Winterjûnnenochten ûntstien. Der waard optreden yn doarpssealtsjes troch de hiele provinsje hinne. It selskip wie somtiden hiele nachten ûnderweis.

Grêfkiste

Tsjibbe Gearts, sa’t er bekind waard, kin sjoen wurde as in romantikus, wat nayf en mei in boartlike geast. Moaie anekdoate is dat hy fier foar syn dea al in grêfkiste bestelde en ek wolris yn dy kiste lei. Op 16 maart 1906 is er ferstoarn, hast 82 jier âld. Syn grêf is te finen deunby de tsjerke-yngong fan de Krústsjerke yn Burgum. Njonken sines leit it grêf fan syn frou Grietje Peereboom.

 ‘Tsjibbe Gearts: in apartenien!’

Ta gelegenheid fan syn 200ste bertedei bringe de betûfte foardragers Tsjerk Veenstra en Douwe Kootstra in kabareteftich program, dat libben en wurk fan Tsjibbe Gearts op ‘e nij yn it ljocht set. It wurdt in boartlike foarstelling, mei anekdoates, koarte dialogen, in literêr kwiske, in priuwke winterjûnenocht en in lytse eksposysje. It inisjatyf foar dizze jûn is fan de Burgumer sjoernalist Jaring de Groot fan Omrop Fryslân, ek âld-redakteur fan Weekblad Actief.

De ynrin op moandei 6 maaie is fan 19.45 oere ôf yn Het Roodhert yn Burgum. It programma begjint om 20.15 oere. Der is mar plak foar sa’n fyftich minsken, dus is yn’t foar opjaan needsaaklik. De tagongspriis fiif euro de persoan. Graach kontant ôfrekkenje! Reservearje kin fia tsjibbegearts@gmail.com

Actueel

De Friese Rijders hebben al 1 miljoen mensen geholpen
Friese Rijders willen meer impact maken en rollen concept landelijk uit Algemeen 6 uur geleden
4 mei herdenking Burgum
Vrijheid vertelt: opmaat naar 80 jaar vrijheid - Burgum Algemeen 7 uur geleden
Generaal Onno Eichelsheim:
Generaal Onno Eichelsheim: "Al 75 jaar NAVO-bloed door onze aderen" Algemeen 8 uur geleden
V.l.n.r. Feankeninginne 2023 Aaltjse Hoekstra, skûtsjeschipper van Earnewâld Sieberen van Terwisga, blommefamke Liselot Toering en de nieuwe Feankeninginne Boukje Westerdijk.
Nieuwe Feankeninginne Earnewâld Algemeen 9 uur geleden
Module gebied
Meer natuur in polder Siderius bij Earnewâld Algemeen 10 uur geleden
Jan Loman
Duo-expositie over Jan Loman in Beetsterzwaag en Gorredijk Algemeen 12 uur geleden
Openluchtmuseum “De Spitkeet”
Voorjaars wandeltocht Algemeen 13 uur geleden
Doe ook met met de Fluitenkruidloop.
4e Recreatieve Fluitenkruidloop Veenklooster e.o. Algemeen 14 uur geleden
Winnaars meisjes
Meisjes en dames 1ste klas te gast bij Kf de Trije Doarpen Algemeen 14 uur geleden
Opening eerste kraanwatertappunt van Feanwâlden
Tsjoch! Gezonde toost op de koning Algemeen 15 uur geleden
Kleinzoon Peter Joslin (midden met rode das) bij resten van de bij Warten neergestorte Lancaster R5682.
(video) Geraakt, de laatste vlucht van de Lancaster R5682 Algemeen 28 apr, 19:00
Jan Loman, 25 jaren later 1, 1988 - zeefdruk.
Duo-expositie over Jan Loman in Beetsterzwaag en Gorredijk Algemeen 28 apr, 18:00
Ronde van Harkema
Ronde van Harkema keert terug en wordt 5e etappeplaats wielerwedstrijd Algemeen 28 apr, 16:24
Fan links nei rjochts: Bram Zwart (Bertus Aafjes) , Samuel van Aken (Dirk Bakker) en Abia Manzanares (Popke Bakker).
'MOED' oer broers Bakker út Bûtenpost alhiel útferkocht Algemeen 28 apr, 14:58
Lezing Ruurd Wiersma 7 mei
De excentrieke schilder Ruurd Wiersma: Het intrigerende verhaal achter een 'aparte kwast' en zijn bijzondere artistieke erfenis Algemeen 28 apr, 14:00
De containerdrummers van De Marko's
Koningsdag met de containerdrummers Algemeen 28 apr, 13:02