Tamara Schoppert spilet BINGO! no yn it Frysk.
Tamara Schoppert spilet BINGO! no yn it Frysk. Foto: Ynstjoerd

Start Bingo! Aanst Frysktalich yn de provinsje

Algemeen

‘Bingo!’ is in toanielmonolooch, spile troch Tamara Schoppert, dy’t yn dit stik de râne opsiket tusken werklikheid en ferbylding. In stik mei in knypeach nei it spultsje ‘Bingo’, dat der sá echt út sjocht, dat guon téaterbesikers (hast) tinke dat it hjir giet om in ‘gewoan echt bingospul’.

Tamara Schoppert hat earst mei in Nederlânsktalige ferzje op ‘n paad west, no set sy út ein mei in Frysktalige ferzje, yn ferskate sealen en sealtsjes yn Fryslân.

Premjêre yn Koarnjum

Op 27 jannewaris is yn Koarnjum de premjêre fan de Frysktalige ferzje fan de teaterfoarstelling BINGO! De monolooch fan Tamara Schoppert giedt oer grutskens en skamte.

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne.

Relaasje mei har mem

Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar ljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

Yn BINGO! spilet Tamara, flak foar en tusken de tafels troch, in troch Herman van de Wijdeven skreaune teatertekst. De kaartferkeap is al begûn en giet fluch: https://tryater.frl/programma/bingo/?utm_source=nieuwsbrief&utm_medium=website-frl&utm_campaign=bingo

19 mei shanty,s en zeemansliederen in Earnewald
De Brêgesjongers zingen op 19 mei in Earnewald Algemeen 5 uur geleden
Spinsters bij De Sûkerei
Alde Maaie bij museum De Sûkerei Algemeen 6 uur geleden
Kinderboekenschrijvers on tour!
Kinderboekenschrijvers on tour! Algemeen 7 uur geleden
Fietsen uit vroegere tijden.
De historische Fietsgroep Noord Algemeen 8 uur geleden
Een plaatje van de mogelijke nieuwe 'hangarwoningen' op het noordelijk deel van het vliegveld van Drachten.
Nieuw bestuur Vliegveld Drachten "snel aan de slag" Algemeen 9 uur geleden
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur.
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur Algemeen gisteren
Maak kennis met de muziekverenigingen van Smallingerland
Muzikale fietsroute Smellingerlûd zet regionale muziekverenigingen in het zonnetje! Algemeen gisteren
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert.
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert Algemeen 7 mei, 15:00
Yllustraasje fan Luuk foar Riemkje haar 80e jierdei
Riemkje Pitstra 80 jier! Algemeen 7 mei, 14:02
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland weer gestart Algemeen 7 mei, 13:00
Burgemeester Jeroen Gebben, Aline Sprokkereef en Miriam Meijer
Het nieuwe Burgum Magazine is uit! Algemeen 7 mei, 12:31
De Kia is het meest geregistreerde merk electrische auto in april 2024
Verkoop elektrische auto's stijgt met 9,6% ondanks marktdaling van 3,8% Algemeen 7 mei, 11:36
Vaste planten: een musthave voor je tuin!.
Vaste planten: een musthave voor je tuin! Algemeen 7 mei, 11:30