Fedde Dijkstra wie prominint gast op 12 novimber dit jier yn de Steateseal, ek yn ferbân mei 'Kneppelfreed'.
Fedde Dijkstra wie prominint gast op 12 novimber dit jier yn de Steateseal, ek yn ferbân mei 'Kneppelfreed'. Foto: Actief Media

´Fear yn ´e Broek´ foar tolk Fedde Dijkstra

Algemeen

De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten de saneamde Fear yn ´e Broek dit jier út te rikken oan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra út Wurdum. De Ried kent de Fear sûnt 1994 geregeldwei ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis sil útrikt wurde op sneon 27 novimber yn it skoft fan de Fedde Schurerlêzing. Dy lêzing is fan 15.00 - 17.00 oere yn de Koperen Tuin yn Ljouwert.

De Ried is fan betinken dat Fedde Dijkstra him as rjochtbanktolk Frysk al jierren tige fertsjinstlik makket om Friezen dy’t yn Fryslân foar de rjochter ferskine, yn de gelegenheid te stellen Frysk te praten. Dat er dat net allinnich as wurk beskôget, mar it ek as in ferantwurdlikheid sjocht om foar dat rjocht fan de Friezen te striden.

‘Krekt 70 jier nei ‘Kneppelfreed’

“Dijkstra is der benammen dit jier, 70 jier nei Kneppelfreed (16 novimber 1951), mei aksjes yn slagge om it rjocht fan Friezen om har memmetaal te brûken foar de rjochter, yn it omtinken te bringen fan de lanlike media en de Haachske politisy”, neffens de Ried.

Mei it each op syn iverjen foar it Frysk yn de rjochtbank is de Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat de Fear yn ’e Broek dit jier oan Fedde Dijkstra takomt. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.

As foarsitter fan de feriening fan gerjochstolken hat Dijkstra de lêste tiid striden foar in (gâns) hegere finânsjele beleanning foar gerjochtstolken. Dijkstra is net allinne tolk Frysk-Nederlânsk, mar ek Dútsk-Nederlânsk.

Fedde Schurerlêzing(en)

De Fedde Schurerlêzing(en) fan sneon 27 novimber steane ek yn it teken fan ‘Kneppelfreed’ en de posysje fan it Frysk, doe en no en yn de takomst. Fedde Schurer wie de haadpersoan fan ‘Kneppelfreed’ op 16 novimber 1951. Doe kaam foaral de behyplike posysje fan it Frysk yn de rjochtseal bleat te lizzen. Dêrnei is de (juridyske) posysje fan it Frysk gâns better wurden, mar neffens de ‘Fryske bewegers’ noch net lykweardich oan dy fan it Hollânsk.

19 mei shanty,s en zeemansliederen in Earnewald
De Brêgesjongers zingen op 19 mei in Earnewald Algemeen 11 uur geleden
Spinsters bij De Sûkerei
Alde Maaie bij museum De Sûkerei Algemeen 12 uur geleden
Kinderboekenschrijvers on tour!
Kinderboekenschrijvers on tour! Algemeen 13 uur geleden
Fietsen uit vroegere tijden.
De historische Fietsgroep Noord Algemeen 14 uur geleden
Een plaatje van de mogelijke nieuwe 'hangarwoningen' op het noordelijk deel van het vliegveld van Drachten.
Nieuw bestuur Vliegveld Drachten "snel aan de slag" Algemeen 14 uur geleden
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur.
Samen wandelen in het groen zorgt voor verbinding met elkaar en de natuur Algemeen 7 mei, 17:00
Maak kennis met de muziekverenigingen van Smallingerland
Muzikale fietsroute Smellingerlûd zet regionale muziekverenigingen in het zonnetje! Algemeen 7 mei, 16:02
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert.
100-jarige C.M.V. Excelsior Veenwoudsterwal viert 18 mei jubileumconcert Algemeen 7 mei, 15:00
Yllustraasje fan Luuk foar Riemkje haar 80e jierdei
Riemkje Pitstra 80 jier! Algemeen 7 mei, 14:02
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland
Zomerpakkettenactie Present Smallingerland weer gestart Algemeen 7 mei, 13:00
Burgemeester Jeroen Gebben, Aline Sprokkereef en Miriam Meijer
Het nieuwe Burgum Magazine is uit! Algemeen 7 mei, 12:31
De Kia is het meest geregistreerde merk electrische auto in april 2024
Verkoop elektrische auto's stijgt met 9,6% ondanks marktdaling van 3,8% Algemeen 7 mei, 11:36
Vaste planten: een musthave voor je tuin!.
Vaste planten: een musthave voor je tuin! Algemeen 7 mei, 11:30