Mei Inoar Ien spilet 'Edelweiss'
CultuurDRACHTSTER KOMPENIJE - Op 28 jannewaris en 4 febrewaris spilet toanielferiening Mei Inoar Ien de kommeedzje 'Edelweiss' De kommeedzje wurdt spile yn seal Aans oan de Alde Wei yn Drachtster Kompenije.
Dizze kommeedzje yn trije bedriuwen is skreaun troch Carl Sloteboom en ferfryske troch Abele Krist. Op beide jûnen is is de yntree € 8,= en alle jûnen begjinne om 20.00 oere.
Beide jûnen is der dûnsjen nei mei in moai stikje musyk.
Ynljochtings en kaarten binne yn’t foar te krijen by Gauke en Annie van der Mei, 0512-341729 Op tongersdei 26 jannewaris is de try-out en de yntree is dan fergees.
Koarte ynhâld fan it stik: Berghotel Edelweiss wurdt runt troch Inge Mulder en wurdt bystien troch over Franzi Schmidt en putsjeman Leopold Hauptmann.
De toanielskriuwer Jan van Loon sit op kosten fan syn útjouwer yn it Berghotel Edelweiss yn de Eastenrykse Alpen.
Joast Franzen, in fûgelfreon en Coba Timmer, Annie Botman, Hanneke Prins, Monique Vriend ûnder lieding fan Els de Wit, hawwe ek harren yntrek yn’t hotel nommen. Dan wurdt Leopold Hauptmann op syn holle slein en falt bewusteleas del. Op dat stuit komt der krekt in nije hotelgast, Robert Krems
Wolle jo witte wat der fjirder noch meer bart en hoe it ôfrint kom dan lâns op 26 jannewaris of 4 febrewaris om te sjen.
Dit jier is er ek wer in kofjejûn. Dy is op 25 maart en is foar stipers fergees.