Marije de Lange.
Marije de Lange. Foto: Lucas Kemper fotografie

Literêr kafee: in jûn fol literatuer, muzyk en nij talint

Algemeen

Op tongersdei 24 septimber 2026 stiet it literêr kafee fan Tresoar yn it teken fan de Gjalp en de Tony Feitsmapriis. In literêre jûn mei in poadium foar eardere winners fan beide prizen, live muzyk en de oankundiging fan de nije Tony Feitsmapriis en de Gjalp 2027. It belooft in ôfwikseljende e ynspirearjende jûn te wurden.

De Gjalp jout mei iepen oproppen yn ferskillende temas romte oan Frysktalige literêre stimmen en stipet harren om nije poadia en publyksgroepen te berikken. Op 24 septimber wurdt sichtber wat soks opsmite kin. Erik de Boer bringt in fragmint út syn Fryske Oersonate, dy’t yn juny op Oerol yn premjêre gie. Oerol lûkt jierliks om-ende-by 50.000 besikers en biedt dêrmei in grut poadium foar lokaasjekeunst. Marije de Lange bringt de Frysktalige foardracht dêr’t se ferline jier it Noardlik Film Festival mei iepene, foar sa’n 1.000 minsken en de oanwêzige parse. Myrte Marije Veenbaas en Joël fertelle hoe’t se harren gedichten fierder útbouwe ta in produksje dy’t op in Waadfestival útfierd wurde kin. Dêrmei is de jûn net allinnich in poadium foar literatuer, mar jout it ek in blik op wat der nei it winnen fan de Gjalp barre kin: fan in gedicht of idee nei in nije produksje en fan in literêr poadium nei in folle breder publyk.

Tony Feitsmapriis

De Tony Feitsmapriis hat in eigen plak yn it programma. De edysje 2026 fan de Tony Feitsmapriis wurdt op dizze jûn feestlik iepensteld mei fjouwer foardrachten fan de winners fan ferline jier: Marije van der Eems, Hielke van Duuren, Tiemen de Boer en Pieter Gysbert Zijlstra. De priis jout jong Frysk skriuwtalint in poadium. De Federaasje fan Fryske Studinteferienings is haadorganisator.

De jûn wurdt muzikaal omliste troch Hûs fan de Skries, mei Axl Hofstede en Wilco Hoekstra. Op de jûn wurdt ek de Gjalp 2027 oankundige. It programma is fergees tagonklik en duorret fan 19.30 oant 21.00 oere. Nei ôfrin is der alle romte om mei-inoar nei te praten en inoar te moetsjen.

Praktyske ynformaasje

Datum: tongersdei 24 septimber 2026
Lokaasje: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tiid: 19.00 oere: ynrin mei kofje en tee, 19.30–21.00 oere: programma
Oanslutend: buorrel en neiprate; drankjes binne foar eigen rekken

Oer De Gjalp

De Gjalp is in inisjatyf fan literêr tydskrift Ensafh, algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en dichterskollektyf RIXT en wurdt sûnt 2025 alle jierren útskreaun. Gjalp betsjut letterlik de (út)rop: in namme dy’t past by de ambysje om Frysktalige literêre stimmen klinke te litten en harren wurk ek bûten de wenstige literêre poadia ûnder de oandacht te bringen. De Gjalp wurdt mei mooglik makke troch stipe fan Provinsje Fryslân.

Actueel

Jack Werkman, Stieneke van der Graaf en Andries Bouwman. De burgemeesters van Ooststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterland ter gelegenheid van 10 jaar OWO-samenwerking.
Tien jaar OWO: samenwerken om zelfstandig te blijven Algemeen 1 uur geleden
Marije de Lange.
Literêr kafee: in jûn fol literatuer, muzyk en nij talint Algemeen 1 uur geleden
Bonifaciusband.
Vier bands spelen bij muziekavond Damwâldstock in de Kruswei Algemeen 3 uur geleden
De Springsteen Sessions
Nieuwe seizoen Kloosterkapel Sibrandahûs start met Springsteen Sessions Algemeen 5 uur geleden
De overhandiging van de cheque aan het Jeugdfonds voor Sport & Cultuur Fryslân. Van links naar rechts op de foto: Sjoerd Radersma en Karel Hellinga (beiden Bonifatiuscup), Elissa Halbesma en Henk de Jong (namens Jeugdfonds).
Opbrengst verloting Bonifatiuscup naar Jeugdfonds Algemeen 20 uur geleden
Evert van de Veen.
Bijzonder orgelconcert door Evert van de Veen in Martinikerk Bolsward Algemeen 22 uur geleden
Krokusjes
Bloembol van het jaar 2026: de krokus luidt het voorjaar in Algemeen gisteren
Vierkant Veldwerk.
Short Film Festival in Natuurmuseum Fryslân Algemeen gisteren
Senior docent Dr. Annette Plantinga en docent Verpleegkundige & mantelzorger Ineke Postma-de Vries NHL Stenden Hogeschool
Goede dementiezorg begint bij de vraag: wie was deze persoon vóór de ziekte? Algemeen 18 sep, 10:48
Het blijft nog even zonnig en warm!
Maandverwachting: kans op nazomerweer neemt vanaf zondag toe Algemeen 18 sep, 10:26
Wie een lot koopt, steunt rechtstreeks een vereniging én maakt kans op een prijs.
Groot aantal verenigingen uit Friesland vanaf 19 september in actie tijdens Grote Clubactie Algemeen 18 sep, 08:23
MAYTE
Het gaat goed met de Friese muziekscene! Algemeen 17 sep, 17:12
De oerlanging fan it startpakket op Comenius Mariënburg yn Ljouwert.
Skoallen kinne los mei nije kearndoelen Fryske taal en kultuer Algemeen 17 sep, 15:45
Kerk beschadigd door brand in Gytsjerk.
Kerk beschadigd door brand in Gytsjerk Algemeen 17 sep, 14:07
Een uniek en groen dagje uit langs de prachtige Friese Waddenkust.
Tiende editie Wad’n Strúnrûte begin oktober Algemeen 17 sep, 14:02
Een spin!
Samen op ontdekkingstocht Algemeen 17 sep, 11:48